It gefaar fan de rotkop

Dit jier foar it earst sûnt… lange jierren net nei Dichters in de Prinsentuin te Grins. Dat hat ferskate redenen: it programma sprekt my net botte oan, al sitte der wol goeien tusken, ik haw frijwol gjin jild te besteegjen en ik bin sels oan it dichtsjen.

Fierders rinne jo dan ek it gefaar om rotkoppen tsjin te kommen. Rotkoppen fan weardeleaze skriuwers, dy’t harsels hiel heech achtsje… Dy Grinzer skriuwerswrâld sit eins gjin inkeld wier goede skriuwer/dichter tusken. Nee, dan Snits…

Haw de folsleine diskografy fan Coil delladen, wie him kwytrekke. Demoanyske muzyk! Mei tink ek net fan Hirsch Ballin. En ik mei tink ek net skriuwe dat … Nee, lit ik it mar net dwaan.

Sil jûn rjappels siede, dat stiet fêst. Mar hoe en wat? Noch net bekind.

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=SJTYIa1X06U&feature=related[/youtube]

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of