Ja minsken, it muoit my tige, mar ik moat it wer oer Eeltsje Hettinga hawwe. Jo kenne de man tink wol. Mei it dichtsjen woe it net rjocht mear, dat hy stapte oer nei dizenige en pretinsjeuze artsy-fartsy fideo-dinges projekten. Treurich fansels.
Mar de man hat ek in oar probleem, nammentlik dat er achter elke beam in faksist mient te sjen. Lês dit blochke mar ris. It is yn it Hollânsk skreaun, de man is in wrâldboarger ommers, tink derom!
Der hat him op ‘e Buchmesse blykber hiel wat ôfspile dat net yn ‘e publisiteit kommen is. Oeral rúzje meitsje, dat fynt Eeltsje moai. Dan kin er efkes poète maudit, efkes Slauerhoffke boartsje.
De beskuldigingen rjochting Willem Schoorstra reitsje kant noch wâl, se kinne as tige kwalik beskôge wurde. Ik werhelje se hjir leaver net.
Hjir is it lêste wurd noch net oer sein.
Reagearje