Twittergedichten foar Tresoar

Ik sil ris sjen oft ik der ek ien of mear betinke kin:

Omrop Fryslân skriuwt:

Yn De Moanne fan it Fryske Boek is der yn septimber in gedichtewedstriid op Twitter. Gedichten kinne set wurde op de eigen Twitteraccount. De sjuery siket de gedichten sels op oan de hân fan in spesjaal sykwurd dat de dielnimmers derby sette moatte.

De gedichten mei yn it Frysk of yn in oare taal skreaun wurde. De sjuery bestiet út fertsjintwurdigers fan de Fryske media. De winner krijt in spjeldsje dat spesjaal foar de wedstriid makke is.

Neffens Tresoar hat der noch nea earder in gedichtewedstriid op Twitter west. De bydragen wurde in ‘Twicht’ neamd.

Dus, noch nea in gedichtewedstriid op Twitter neffens Tresoar. Dan hawwe se dêr ek noch net fan Google heard… Efkes sykje op twitter poetry contest en de resultaten fleane jo om ‘e earen… Mear ynfo oer de wedstriid hjirre: by De Moanne fan it Fryske Boek.

It sil miskommunikaasje tusken De Omrop en Tresoar wêze, litte wy it dêr mar op hâlde. Ik bin myld, want jûn waarmje ik Bamy op.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of