Cornelis van der Wal

Oer Wolf yn harnas (bywurke)

Oer Wolf yn harnas:

Eppie Dam: ‘Echte Knilles-fersen. Wat dat binne, ha eardere bondels oantoand: wrange, soms morbide, tagelyk luchtige, altyd yn Van der Wal-humor bebiten gedichten.’ Klik hjir.

Josse de Haan: ‘Van der Wals poëtika moat ferovere wurde – it is eksistinsjeel wurk en gjin yllustraasje by de wurklikheid, of in imitaasje fan dat watst al om dy hinne sjochst. Dat mearsinnige makket it ferskil. De behearsking fan de taal, de útdaging om wurdgroepen te meitsjen dy’t hast as neologismen de taal aktivearje, dat allegearre makket dizze Fryske dichter ta in bysûndere skriuwer.’ Klik hjir.

Abe de Vries: Preesters, muontsen, wolven, bloed, it krús, it hegere: it kin by dichter Cornelis van der Wal allegear wol byinoar. De bondel Wolf yn harnas giet, mei de nedige relativearringen derby, it esotearyske paad op. Klik hjir.

Jelle van der Meulen: De lezer van de achterflap van deze nieuwe bundel wordt overdonderd door een stortvloed aan kwalificaties. Ook worden de gedichten in deze bundel vergeleken met het werk van de Franse decadente symbolist en visionaire dichter Arthur Rimbaud tot wie ook Slauerhoff zich aangetrokken voelde. En de achterflap stelt veel vragen, maar geeft geen antwoorden, want: ‘De gedichten houden het open’. Moet je als lezer toch nog zelf aan het werk, wat voor een echte poëzieliefhebber geen ramp is. Die wil dat wel, zelf zoeken naar wat er nu eigenlijk staat en dat is ook in deze bundel van Van der Wal weer een vruchtbare bezigheid. Klik hjir

Arjan Hut oer it fers ‘Kleur’ út Wolf yn harnas:  In dream kringt him op, falt hast net te stjoeren, mar yn in gedicht is de dichter de baas. Klik hjir

Arjan Hut yn de Moanne: ‘Sawol Cornelis van der wal as Sipke de Schiffart skriuwe in fers dat ynspirearre is op Postma, of op dy syn ‘legacy”. Klik hjir

Hidde Boersma op ensafh: Der driget betsjutting yn it stal fan de barrende matearje. It dekôr is somtiden frijwat sinister, as yn de ferhalen fan Lovecraft. Katten blaze, stiennen blaffe, wite fûgels strike del op ferskûle skouders. Klik hjir

Bestel Wolf yn harnas


Posted

yn

troch

Reakce

3 antwurden op “Oer Wolf yn harnas (bywurke)”

  1. Sjieuwe Avatar
    Sjieuwe

    Ik fyn it omkaft ek moai.

  2. Knilles Avatar
    Knilles

    Tige tank Nadie!

  3. Nadie Hania Avatar
    Nadie Hania

    Ik bin it folslein mei de hjirboppe neamden iens. Ha de bondel yn myn besit en kin net oars sizze!
    Manjefyk! Cornelis.

    Groetnis,

    Nadie

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.