Ut Wolf yn harnas: Wêr haw ik west

 

Wêr haw ik west

Wêr haw ik west? It is my gauris swart en ik sjoch dan de sinne
net. Tink oan sinten en de takomst. De takomst is in molkfabryk.

Juster lykwols haw ik fytst, grien en blau wiene de kleuren
en stadich waaiden wolkens my de kop fol spinnen skjin.

Jo komme thús, de drompel stroffelet oer triennen fan juster.
De kat blaast. De fergetten planten roppe om helder wetter.

 

Ut ‘Wolf yn harnas’

Cornelis van der Wal
Utjouwerij Hispel

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of