In muzikale dichterslunsj by “Broodje poëzie”

 

26-01-2017 12:30-13:30
Traktearje josels op in bysûndere lunsj yn in yntime setting!
In jierlikse tradysje: de lêste tongersdei fan jannewaris stiet yn it teken fan poëzy. It is dan Gedichtedei, de offisjele start fan de poëzywike. Dit jier organisearret De Harmonie mei Tresoar foar de twadde kear in dichterslunsj.
>>>

Op tongersdei 26 jannewaris om 12.00 oere is der in dichterslunsj yn de foyer fan De Harmonie. It poëzyprogram begjint om 12.30 oere. Njonken ferskate dichters út Nederlân en België, komme foar it begjin en nei ôfrin fan it programma ek de froulju fan “VERS”. “VERS” is ymprovisearre typmasjinepoëzy mei it rau rântsje.

Program:

12.00 – 12.30 oere – Ynrin mei muzyk troch fioeliste Patricia Kuijk
12.30 oere – Iepeningsgedicht troch Lieven Bertels, direkteur Kulturele Haadstêd 2018
12.35 oere – Foardracht fan Carmien Michels, winneres Poetryslam 2016
12.45 oere – Presintaasje fan de gedichtekoffers troch studinten van SCG Comenius
12.50 oere – Foardracht fan de Fryske dichter Cornelis van der Wal
13.00 oere – Muzikaal yntermezzo fan fioeliste Patricia Kuijk
13.10 oere – Foardrachten fan trije studinten dosint Nederlânsk
13.20 oere – Foardracht fan de dichteres Ellen Deckwitz

Tagongspriis € 14,50 ynkl. lunsj.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of