Swalk stoppet: wêr is de opfolger?

Jo hiene it berjocht grif al lêzen, it stiet û.o. hjir  Gearfetsjend:

‘Provinsje Fryslân hat hjoed bekend makke dat fan 2017 ôf de Afûk de promoasje en de ferkeap fan Fryske literatuer fersoarget. De boekepromoasje wie yn de ôfrûne jierren by Tresoar dellein, de boekeferkeap by Boeken fan Fryslân. Op fersyk fan de provinsje Fryslân en yn oerlis mei Tresoar sil de Afûk dy promoasje- en ferkeaptaken no útfiere.’

Hjoed kaam in mail binnen fan Wieke de Haan, belutsen by Swalk. Yn dizze mail betanket frou De Haan elkenien foar de meiwurking, wat Swalk oanbelanget. Dat, Swalk is dermei ophâlden, mei yngong fan no daliks.

Stiet de Afûk al yn ‘e startblokken om it oer te nimmen? Is der bygelyks al promoasje-aktiviteit op Facebook? Nope, der is noch neat fan te fernimmen. Dat hie fansels daliks op inoar oansletten wurde moatten. De wênstige sleauwens, sa’t jo sizze, mefrou.

Op datselde Facebook wurdt de list mei Fryske útjouwers dy de Afûk promoatsje sil (Afûk, Audiofrysk, Bornmeer, Elikser, Friese Pers Boekerij, Frysk en Frij, Hispel, KFFB, Wijdemeer en Regaad.) troch Abe de Vries noch mei útjouwerij De Ryp, útjouwerij Grotesk en útjouwerij Het Nieuwe Kanaal útwreide. Dy hie de Provinsje oer de holle sjoen.

Wy moatte mar hoopje dat it goed komt, Sirkwy leit ek al op ‘e rêch:  ‘De nije site komt online sagau’t dúdlik is wannear’t de âlde ferfalt. Dat is nei alle gedachten yn de rin fan maart [en net febrewaris, lykas earder neamd].‘ It wurdt almar útsteld…

Jûn nei de snekber.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of