Waarme Tibetaan

Ha goeie, hjir wie ik wer.

No wie ik eins fan doel en swij tenei oer it literêre onlinetydskrift fers2, it moat net ferfeelsum wurde, no.

De reden dat ik wer omtinken oan fers2 jou is it artikel fan Friduwih Riemersma mei de titel It glossarium fan De Groot, op 23-04-2017 pleatst. Op harren side is it net mooglik om te reagearjen (wêrom eins net?), oars hie ik dêr gebrûk fan makke fansels.

Ik haw efkes omfrege by kenners fan de Fryske literatuer, it die bliken dat hast gjinien der ek mar in sprút fan begripe koe. Ik tocht sels dat it in soarte fan grap, parody wie, mar dat waard my út ‘e holle praat. It stik is skreaun nei oanlieding fan de nijste bondel fan Edwin de Groot: Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see, safolle is dúdlik. Mar dat is ek it iennichste dat dúdlik is.

Ik rop de help fan myn lêzers yn: wa kin dit stik yn begryplike taal neifertelle? Wat fynt frou Riemersma no einliks fan dizze bondel? Alfêst tige tank.

Waarm iten jûn, ik betink noch wat it wurde sil.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

3 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Eddy Drost
4 years ago

hahaha, ja dat sjit net op..hahaha

Knilles
Knilles
4 years ago

Ja, der wie ien dy’t sei dat er it snapte, mar hy koe net goed útlizze wat er no krekt begrepen hie..

Eddy Drost
4 years ago

“hast gjinien”….?

Jo ha wol ien fûn?