Lân fan Taal: Frysk komt op Jan-Poepsplak

Ja, jo sille wol tinke: dy Knilles is allinnich mar dwaande mei Lân fan Taal. No, dat falt wol ta, ik bin benammen literêr aardich warber, mar út en troch wurd ik wer konfrontearre mei it feit dat by de digitale meiwurkers fan Lân fan Taal it Hollânsk op it earste plak komt, en it Frysk der mar wat by bongelet, om’t it no ienkear moat.

In resint foarbyld: Lân fan Taal organisearret it projekt Taalkaravaan, mar ynformaasje dêroer fine jo allinnich yn it Hollânsk, op lânfantaal.frl stiet hjir neat oer.

‘Maar jullie kunnen toch allemaal Nederlands lezen?’, sa sil de argumintaasje fan LfT wêze. Dat is yndied wier. Myn antwurd is dan: ‘Mar kinne jim dan gjin Frysk skriuwe?’.

No sa, jûn Ajam ketjap mei rys. Lekkel, no.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Eddy
Eddy
4 years ago

Ek op it boerd foaroer Afûk stiet ‘we’. Ik soe my der net drok oer meitsje Cornelis. Lân fan Taal is grutte ûnsin. Krekt as of wy hjirre yn Fryslân better yn taal binne dan earne oars. Dat is net wier. Idioaten! By de Fryske Akademy kinne sy net iens geef Ingelsk skriuwe…! Lit Hanno Brand sich earst mar iens yn de stavering fan it Ingelsk ferdjipje.. ynstee it Frysk. Miljoenen yn gebouwen stekke, mar neat yn ‘e Fryske taal. Moaie taalskipper… Wy dobberje oan leger wâl. Stadichoan kopke onder. Der moat in polityk ûnôfhinklike kommisje komme dy’t in ny… Read more »