Updeet Dichter fan Fryslân

Updeet Dichter fan Fryslân

Yntusken is dúdlik wurden (nei har eigen oanwizingen) dat Sigrid Kingma it fers It swijen nei Doede skreaun hat, en dat it fers Under de stêden net fan Arjan Hut is.

As de organisaasje de kompetysje earlik spylje wol, dan moatte de oare twa kandidaten no ek mei namme neamd wurde.

Bin oars tige benijd wa’t it wanprodukt Wâldpyk ynstjoerd hat.

Comments 2

  1. André Looijenga wrote:

    Ik hie juster sels ek al sterk de yndruk dat “It swijen fan Doede” wierskynlik troch Sigrid Kingma skreaun is. Sigrid ferwiist wol faker nei ynternet en kompjûters yn har poëzij. Let ek op it Wâldske ‘dû’.
    It is boppedat de iennige fan de trije sûnder staveringsflaters, en de iennige dêr’t kennis fan Fryske literatuer út nei foarren komt. Sawisa de bêste fan de trije.

    “Under de steden” is gelokkich net fan Arjan Hut. Dat rommelige gedicht is fier ûnder Arjan syn nivo.

    In rymjende ready-made oer in bekende Fries, tsja… it kin…

    Posted 16 Sep 2017 at 23:58
  2. josse de haan wrote:

    As jo sûnder staveringsflaters in gedicht skriuwe, wat fan de Fryske literatuer witte, dan hawwe jo by definysje in goed gedicht skreaun. Neffens A. Looijenga.

    As jo de boel belazerje en jo namme bekend meitsje, dan wurde jo troch Looijenga beleanne – de oare twa dichters moatte no ek fanwegen komme; de wrâld op syn kop.

    Looijenga fynt ‘UNDER DE STEDEN in rommelich fers, wylst ik it sels op twa nivo’s lêze kin:

    1. weromgean nei ’40-’45 (finzenis Blokhhuispoort, gjin gerjochtichheid (sûnder finsters), heiten en soannen waarden oppakt en deamakke troch de besetters;

    2. Ljouwert KH18 – en dus moai aardich aktueel, en wat in nijsgjirrige rigels:

    ‘ferve in snijen alle klokken wyt’
    ‘in jachtsjen fan har skaden’
    ‘blafte in hûn in kâlde ûnrêst’
    ‘in skip kaam los fan syn kaaien’
    ‘fan alle wei en wegen bin ik de ferlitten stêd’

    It gedicht leit op myn buro, en ôf en ta lês ik it even. It koe minder Looijenga, mar ja, ik hâld fan rommelige minsken en rommelige poëzy. Al 60 jier, it begûn mei Achterberg. Dat sil hjir it ferskil tusken us wêze.

    Posted 17 Sep 2017 at 12:14

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *

Videos, Slideshows and Podcasts by Cincopa Wordpress Plugin