Sigrid Kingma hellet blog fuort

Lit ik op it foarste plak  sizze dat ik hielendal neat op Sigrid Kingma tsjin haw. Krekt oarsom. Ik bin allinnich mar de boadskipper fan it minne nijs. Kingma hat, ûnbedoeld, mei har blog eigenhannich it hiele projekt Dichter fan Fryslân opblaasd. Dêr haw ik melding fan makke.

It kollektyf DichterS fan Fryslân hat -sûnder myn namme te neamen, mar dat jout neat – in parseberjocht de loft ynstjoerd. Yn dat berjocht neame se de ferkiezing fan de Provinsjedichter mislearre. No sa.

Hat Sigrid no fan ‘hegerhân’ de opdracht krigen om it bewuste blog fuort te heljen? It is ommers al fierstente let, de tekst hat in lytse trije dagen online stien, tyd genôch, tinkt my, om it op te slaan. De skea is no net mear werom te draaien.

It wachtsjen is no noch op in offisjele reaksje fan Dichter fan Fryslân. Ik bin benijd.

Rjappeltsjes mei beantsjes en satéscnitzel

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of