Nepnijs yn LC oer ferkiezing Dichter fan Fryslân

Wat skriuwt Rixt Oenema yn de Ljouwerter Krante oer de ferkiezing fan Dichter fan Fryslân?

Dichter Abe de Vries komt in verzet wanneer Poepjes zegt dat iedereen (dus ook eeEn hobby-poëet) een gedicht mag inzenden. Ze wil een dichter voor het volk. „Jo sneue poesyalbumdichter fan Fryslân-plannen…”, foetert hij. De Vries trekt zich meteen terug als kandidaat-winnaar van de Gysbert Japicxpriis 2017.

Elkenien dy’t ek mar in bytsje it literêre nijs folge hat, wit dat it weromlûken fan Abe de Vries as kandidaat GJ winner, neat mei de ferkiezing fan Dichter fan Fryslân te krijen hat.

En fierder:

Overigens: Kingma had toestemming gevraagd aan de Afûk, uitvoerder van het project, of ze het bekend mocht maken. Dat was geen bezwaar, ook omdat ze niet onthulde welk van de genomineerde gedichten van haar hand is.

It hat dus dúdlik in fersin fan de AFÛK west. Kingma hat, nei de tastimming dy’t se fan dizze ynstânsje krigen hat, in suggestyf blog skreaun, dêr’t út bliken die hokker gedicht fan har wêze moast. En, wêrom hat se dan har blog in deimannich letter alwer fuorthelle?

Ik sitearje Sigrid dan mar wer ris. Lûk jo eigen konklúzjes…

No kinne jim stadichoan wol riede wat der te rêden is, dus ik it net langer útstelle. Ik bin nominearre foar Dichter fan Fryslân! No wit ik ek hoe’t it fielt om nominearre te wurden. Twa oaren dogge mei om de titel en nije wike is de útslach bekend. It soe machtichmoai wêze as ik it wurd! No wurde earst de trije gedichten tentoansteld en mei elk stimme, wat foar 20% meitelt yn it einoardiel. Dat is wol grappich, want it is anonym (hoewol it goed mooglik is dat it gedicht oer Peter Tuinman fan Peter Tuinman is, mar dat kin fansels ek dichtershumor wêze). Sels wit ik ek noch net wa’t de oare twa binne. Ik bin benijd oft jim myn gedicht herkenne. Foar de trouwe lêzers sil dat gjin probleem opleverje.

Oenema kiest de kant fan de autoriteiten, de Provinsje. Dat is har goed rjocht, mar har stik heart dan op de opinypagina thús.

 

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of