Sigrid Kingma: de boadskipper hat it dien!

No, sjoch ris oan: de boadskipper hat it dien. It sil ek net sa wêze. Sigrid Kingma, dy’t sels de ferkiezing fan de Dichter fan Fryslân ûnjildich makke hat, fynt it not done dat ik dêr melding fan makke haw. Ik nim, foar de feroaring, ris wat fan Abe de Vries syn Facebook oer, dan hearre jo it *kuch* ris fan in oar:

24-09-17:

‘Oantemei hjoed is it mooglik te stimmen op trije ,,anonime gedichten”, seit de webside fan de provinsje. Mar dat kloppet fansels net. Yn gedicht nûmer twa hat Eeltsje Hettinga of in dûbelgonger alle war dien om dúdlik te meitsjen dat de tekst fan him is. Gedicht nûmer trije is – want dizze dichter hat sels skreaun dat se nominearre is, en dat se nét de skriuwer is fan gedicht nûmer ien – fan Sigrid Kingma. It iennichste gedicht dat noch ,,anonym” is, is gedicht nûmer ien.

Dat, hoesa trije ,,anonime gedichten”? De stimmerij is korrupt, dat is de iennichst mooglike konklúzje, en Poepjes sil dus werom nei de Steaten moatte mei har mishipte en folslein ûnkundich en ûnnoazel útfierde projekt.

Dan ha wy dêr boppe-op ék noch it probleem fan in útjouwerij – de Afûk – dy’t Nederlânsktalige, noait oer Fryske literatuer skreaun hawwende sjueryleden oansiket, én meitingjende dichters útjout én in meitingjende dichter (Kingma) fan advys tsjnnet dy’t in projekt tawiisd krigen hat troch Lân fan Tâal – in projekt dus mei fan… de Afûk – en earder de provinsje mei advisearre hat nota bene oer… de DfF-proseduere.’

Dit skriuwt Kingma hjoed (26-09-17), ik krige it binnen fia de RSS-feed. No is it nuvere, dat jo dit bloch net sjogge as jo surfe nei https://sigridkingma.wordpress.com. ik nim oan dat it fuorthelle is, mar se hat it al skreaun. Hjirûnder in fragmint:

‘It moast mar ris wêze. Hjoed ha ik wat berjochten lêzen oer de kwestje Dichter fan Fryslân. Ik wist net wat ik seach. Ien hat sels fiif kear achterinoar in blog oan my wijd. Hy hat neat op my tsjin, fersekeret er by de safolste, mar dat wie my doe al lang dúdlik. Blykber ha ik gruttere fans as ús mem, dy’t minstens ien kear deis efkes oan my tinke. Dyselde persoan hat ek besocht te rieden hokker gedicht oft fan my is, dêr’t ik út de gek ta oproppen hie. Bêst genôch, mar it is spitich dat er it spultsje foar oaren ferpest hat troch syn befiningen iepenbier te dielen. It is mar goed dat allinnich kollegadichters dat spoilerblog lêze. Dy wienen hooplik ‘profesjoneel’ genôch om op it gedicht te stimmen dat se it bêste fine.’

Nee Sigrid, do hast de boel sels ferpest, no is dy ferkiezing in farce wurden. Kinst allinnich mar dysels de skuld jaan, en net de boadskipper. Do bist sels de spoiler.

Wat ek hiel nijsgjirrich is: it oanbelangjend blochke, dat de oarsaak fan alle reboelje wie, hat Kingma wer weromsetten, mar der binne al wat ferskillen mei it orizjineel.  En nochris, hie in oare dichter as Kingma dizze nuvere flater makke, dan hie ik dy persoan ek oanpakt. Ik fal Sigrid Kingma net persoanlik oan, se hat in grouwélige flater makke, en in Dichterferkiezing ferpest.  Ik haw dat konstatearre.

Sykje de ferskillen!

Fragmint bloch Sigrid Kingma, it orizjineel fan 16-09-17:

No kinne jim stadichoan wol riede wat der te rêden is, dus ik it net langer útstelle. Ik bin nominearre foar Dichter fan Fryslân! No wit ik ek hoe’t it fielt om nominearre te wurden. Twa oaren dogge mei om de titel en nije wike is de útslach bekend. It soe machtichmoai wêze as ik it wurd! No wurde earst de trije gedichten tentoansteld en mei elk stimme, wat foar 20% meitelt yn it einoardiel. Dat is wol grappich, want it is anonym (hoewol it goed mooglik is dat it gedicht oer Peter Tuinman fan Peter Tuinman is, mar dat kin fansels ek dichtershumor wêze). Sels wit ik ek noch net wa’t de oare twa binne. Ik bin benijd oft jim myn gedicht herkenne. Foar de trouwe lêzers sil dat gjin probleem opleverje.

De ferzje fan 26-09-17:

No kinne jim stadichoan wol riede wat der te rêden is, dus ik it net langer útstelle. Ik bin nominearre foar Dichter fan Fryslân! No wit ik ek hoe’t it fielt om nominearre te wurden. Twa oaren dogge mei om de titel en nije wike is de útslach bekend. It soe machtichmoai wêze as ik it wurd! No wurde earst de trije gedichten tentoansteld en mei elk stimme, wat foar 20% meitelt yn it einoardiel. Dat is wol grappich, want it is anonym. Sels wit ik ek noch net wa’t de oare twa binne. Ik bin benijd oft jim myn gedicht herkenne. Foar de trouwe lêzers sil dat gjin probleem opleverje.

Amen.

 

Comments 1