Rol fan Studio Roosegaarde by it wegerjen fan banieren bliuwt dubieus

Tekst: Facebook DichterS fan Fryslân

Waterconnecting2018 hat ús juster ekskuzes oanbean foar de gong fan saken oangeande de banieren mei wetterpoëzij op it Wilhelminaplein. Se sille de banieren no sa gau mooglik út har behyplike hoekje yn it stedskantoar weihelje. En se ha ús tasein dat se ein april in goed plak krije by de Wetterparade, as der yn de Aegontún in tentoanstelling oer wetter is, en dat se ek pleatst wurde kinne om de Wetterbar hinne dy’t by Wetsus makke wurde sil. Earder dizze wike hie Lân fan Taal ús al oanbean dat de banieren by guon eveneminten yn de Prinsetún stean kinne en mooglik ek by The Sea, the Sea yn Harns. Moaie foarútsichten, tank dêrfoar.

De rol fan Studio Roosegaarde by it wegerjen fan de banieren op it plein bliuwt dubieus. Neffens Waterconnecting kamen se mei in wasklist oan ‘steurende’ eleminten op it plein dy’t ferwidere wurde moasten. Dêr hearden de banieren mei wetterpoëzij ek by. Moandei waard my troch Roosegaarde noch ferwiten dat ik harren falsk beskuldige, want nee sy soenen noait poëzij wegerje omdat se fan poëzij hâlde. Tiisdei wie de lêzing al oars: se hienen ‘advisearre’ om de banieren net op it plein te pleatsen, want dy soenen yn it tsjuster dochs net te lêzen wêze en dat wie dochs skande fan de poëzij. Mar juster hat Waterconnecting ús nochris witte litten dat Roosegaarde de banieren gewoan net op it plein ha woe. Basta.

Mar gau nei Antarctica mei Waterlicht, soe ik sizze. Miskien kinne wy njonken de jierappelgedichten dy’t nei Malta brocht wurde, in iisbrekker mei Fryske skossepoëzij nei Antarctica stjoere en dêr dan yslike dichtrigels troch de ljochtsjoo hinne katapulteare. Greenpeace wol ús grif wol in skip liene. Want ik tink net dat dy bliid binne mei lasersjoos op de Súdpoal.

Syds Wiersma

Neiskrift: de regionale kranten fine dizze saak blykber gjin berjocht wurdich. cvdw

Tweet about this on TwitterShare on Facebook

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *

Videos, Slideshows and Podcasts by Cincopa Wordpress Plugin