Cornelis van der Wal

It Font: pretinsjeus amateurisme

Jim witte faaks noch wol, dat ik wat de gek hie mei Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp harren mediaprojekt It Font. Ik neamde it projekt ûnder oaren artsy-fartsy-gedoch. Mar dat wie fansels net alhiel earlik, want ik hie It Font noch hielendal net sjoen. No wie it gefal dat ik op 03-06-2018 tafallich yn Oranjewâld foardrage moast, as meiwurker oan in saneamde guerilla-aksje fan RIXT, it nije Dichterskollektyf, dat nammers wat publisiteit oanbelanget folle mear oandacht kriget as Eeltsje syn Dichter fan Fryslân, mar hawar. It Font stie ek op it programma, in bûtenkânske alsa!

Ssst: Eeltsje lêst foar!

 

It wie prachtich, in bytsje soel waar. De foardrachten fan it RIXT-kollektyf foelen wol yn ‘e smaak, sa hiene wy de yndruk, en de sfear op it Festival wie tige noflik. It bier smakke bêst.

In oere of sân jûns soe it heve: It Font! De keunstsinnige film waard op in tige lyts kompjûterskermke fertoand, it op houtene bankjes sittend publyk krige koptelefoans op, dy’t it dan al, dan wer net diene. Om koart te kriemen: de fertoande bylden koe ik de helte net fan sjen fanwege it sinneljocht en it spegeljende lytse skerm. Wa betinkt soks! Projektearje it dan op in doek of sa, dit like fansels nearne nei. Wat ik der fan gewaarwurde koe waard ik ek net bliid fan. Eeltsje yn in roeiboat, tige symboalysk, no. De dea, de Styx, begripe jo wol? Yn myn omjouwing hearde ik guon sizzen: in Havo 5 filmke. Dat wie faaks noch tefolle eare.

 

De sjarmante Elske Schotanus wie fansels ek wer oanwêzich

 

Ta beslút: Hettinga sette yn in efterôfpraatsje himsels en frou Middendorp folslein foar skut mei de útspraak: ‘Dit liket faaks op in efterneimiddei makke, mar der is wol mear as in jier oan wurke’. Hoe amateuristysk wolle jo it hawwe! Krekt as makket dat wat út, it giet om it resultaat. En dat is: ARTSY-FARTSY. Ik hie gelyk.

Hettinga en Middendorp miene dat se in geweldich orizjineel keunstwurk makke hawwe, mar yn feite stelt it allegear net folle foar. No ja, de elektroanyske muzyk fûn ik net ûnaaardich, mar dat wie it dan ek wol.

 

 


Posted

yn

troch

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.