Oare Wurden: neat organisearre foar Sloveenske dichteresse

Ofrûne sneon wie der wer in gearkomste fan de redaksje fan ensafh, altyd tige noflik, der sneuvelen in stikmannich ynstjoeringen, oaren waarden goedkard. Nei ôfrin fan de gearkomste krigen wy besite fan de Sloveenske dichteresse Kristina Kočan en har freon, de videokeunstner Kristijan Robic. Dat de twa Sloveenske keunstners, dy’t foar Oare Wurden fjouwer wiken yn Fryslân binne, efkes by ensafh delkamen wie in útsûndering, want foar Kristina wie der troch Oare Wurden hielendal neat organisearre. Hast net ien wist nammers ek dat se yn Fryslân wiene, der stiet ek neat oer op ‘e webside.

Ik moat sizze, en dat haw ik ús Sloveenske gasten ek meidield, dat ik my skamje, hoe se hjir behannele binne. En it is net de earste kear dat bûtenlânske meiwurkers oan Oare Wurden foar in winige doar steane. Ik fyn it in skandalige saak.

Kristina Kočan hat my nammers tastimming jûn om hjir oer te skriuwen, beiden binne slim teloarsteld. Tige aardige minsken oars! Ik haw Kristijan ús Nasjonale Slokje priuwe litten, en Kristina hat in jurkje by Atelier de Klos kocht.

 

Oare Wurden, jim moatte jim, alwer, deaskamje.

 

 

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of