Gehakbal yn de achtbaan

Strjittetheater hjoed yn Snits: sit wol wat aardichs tusken, mar ik bin net sa’n leafhawwer fan it sjenre. En myn tinzen draaie eins ek mar om ien ding. Nee, net dat, mefrou, hoe doare jo.

Nee, ik bedoel fansels myn nije bondel. Yndieling en sa. Hokker fersen der yn, hokker der út moatte. Titel.

Wat is it moai oars dat ik hjir sa rêstich wurkje kin yn dit hûs.

Hmm… mar moarn boarst de kermis (ik skriuw it efkes op syn Sneekers) wer los. Hjir lyk neist de doar. Is oars ek wol gesellich hear. Ris sjen oft myn eardopkes of koptelefoans tsjin it leven hoek hâlde kinne. Oars moarns mar wurkje oan it boekje, kin ek fansels.

Dus.

Jûn stamppot soerkoal mei gehakbal.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *