Cornelis van der Wal

In tige nijsgjirrich begjin fan it nije Kulturele Seizoen, mei Eeltsje en Elske

Hjoed wie ik efkes op it Uit-festival yn Ljouwert. Hiel aardich en gesellich hear! Ik trof ûnder oaren de tige fleurige Eric Hoekstra. Ferjitten om in foto te meitsjen.

Wêr mocht dat grut oankundige Marboei dichtersfestival  ek mar wêze? Ik socht my in ûngelok.  Op it lêst seach ik in stik as tsien minsken yn in rûntsje sitten en hearde wat gepreuvel. It wie Eeltsje Hettinga oan it wurd! De Dichter fan Fryslân!

 

Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân. *kuch*

 

Yn ‘e midden mei it blauwe himd: Ernst Bruinsma, de ferneamde útjouwer en literêr deskundige.

Foto’s efkes oanklikke

Der wie lykwols frijwol neat fan te ferstean, fierstente sacht, en myn 62-jierrige earen binne noch aardich ynoarder. It is gjin lokkich houlik, Eeltsje en de moderne technyk.

Myn grutte freon Ernst Bruinsma wie ek oanwêzich. Wa’t der ek wie, hoe koe’t ek oars, dat wie Elske Schotanus.

Elske Schotanus, in bytsje yn ‘e beane?

 

Ik wit net, neffens my giet it net sa goed mei Elske. Se stode op my ôf, rôp fan ‘silsto dy foto’s op dyn webloch sette?’ en besocht my op agressive wize it fotografearjen ûnmooglik te meitsjen. It frommiske makke in wat betiisde yndruk. No, ja, ik hie myn foto’s ommers al makke, dat ik bin mar gau nei hûs ta gien, foardat sa’nien jo de eagen út ‘e holle klaut, jo witte mar nea… Sptich dat ik de oare dichters net mear hearre koe, mar jo feilichheid giet foar, no.

It wie in tige nijsgjirrich begjin fan it nije Kulturele Seizoen. Dat ûnthjit noch wat!


Posted

yn

troch

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.