It boek wurdt no tongersdei presintearre, mar it is al te besetten: ‘Swallows and Floating Horses’, de grutte ‘Anthology’ fan de Fryske Literatuer, mei Ingelske oersettingen. Ik hie it der al ris earder oer, fanwegen it feit dat myn namme ûnbrekt. Mar ik bin net de iennige…
Ik sil net skriuwe oer de âlde Fryske Literatuer, dat lês ik letter wolris, ik bin der ek net sa’n leafhawwer fan. Nee, it giet my om it lêste diel, de moderne literatuer. Gearstald troch Ernst Bruinsma. Ien fan de earste teksten yn dit skift is in taspraak fan Baron van Welderen Rengers, wa kin him net? Oarspronklik skreaun yn it Hollânsk, dan heart it dus net by de Fryske literatuer. En it ûnderwerp: De economische toestand van Friesland hat nog minder mei literatuer te krijen. Der binne mear frjemde einen yn ‘t bit, dy’t neat mei it ûnderwerp te krijen: boerearbeider Imke Klaver, Fedde Schurer mei in stik oer Kneppelfreed, Rutger Kopland oer Abe Lenstra, en gean sa mar fierder.
Ernst Bruinsma is útjouwer by de Afûk. Dat is te fernimmen. By de nijste auteurs dy’t in plakje yn dit boek krigen hawwe binne fierwei de measten útjûn by de Afûk. Fierders falt op dat der gjin ien ynkommen is, dy’t mei it tydskrift ensafh assosearre wurde kin, lykas Gysbert Japikspriiswinner Piter Boersma, GJ-winner Jacobus Q. Smink, Edwin de Groot en gean mar troch.
In útjouwer soe sa’n taak net op him nimme moatte, want dan is de objektiviteit fier te sykjen. Fan guon auteurs binne mear as ien bydrage opnommen. Dêrmei ferfalt ek daliks in grut part fan it argumint ‘Wy kinne net elkenien opnimme’. Nee, it sit oars: hearre jo net by ús klup, dan kinne jo it wol ferjitte, útsûnderingen net meirekkene.
It djiptepunt fine jo hjirûnder. Anne Wadman wie in frou.
Post a Comment