Waka mei soere biten

Juster nei Ljouwert ta fytst, en letter ek wer werom… Ik haw in Geheim Petear hân, mei in Dichter (û.o).

Wat stie der allegear op de mp3 spiler? Yn elts gefal tefolle om it allegear te beharkjen. dêrfoar is Ljouwert net fier genôch.

Wat my bot ôffoel wie Oasis, troch de tiid ynhelle, mei’k wol sizze. Dat jildt ek wol wat foar Supersister, dêr’t ik as skoaljonge hielendal ferslingere oan wie: der sit rommel tusken. Mar ek orizjinele, ferrassende passaazjes. Richard Strauss syn Ariadne is in hiele moaie, ek wol wat satityske opera, net syn alderbêste, mar de prachtige meldijen en de perfekte orkestraasje wolle ek wat.

De grutte winner wie lykwols Frank Zappa, mei de lp Waka /Jawaka. Bigband, kranksinnich gitaarspul, elektroanika… It bliuwt geweldige muzyk. Ik haw de ôfrûne nacht dan ek mar syn (neffens my) komplete diskografy delladen, sa’n 6 GB oan muzyk, as it my net mist. Dêr sil ik myn tosken no efkes ynsette…

Ik bak jûn patat, mei hamburger en dêrby soere reade biten. Is tige goedkeap.

0 0 votes
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Knilles
Knilles
12 years ago

Sil ik seker in kear dwaan meikoarten Elmar!

elmar kuiper
elmar kuiper
12 years ago

Ha Knilles,

Stek mar ris even oan yn Húns. We wenje noch foar de âld skoalle. Kin net misse.

2
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x