Cornelis van der Wal

It giet mar troch: literêre ynsest yn Fryslân

Earder hiene wy al ris Friduwih Riemersma dy’t de poëzij fan har partner Abe de Vries bejubele: Riemersma skreau û.o. ‘Brek dyn klank befettet beslist mylpealgedichten, binnen it oeuvre en yn de Fryske literatuer, …’ Lês mar wat ik dêr doe fan fûn, ûnder dizze link.

Abe de Vries

 

Friduwih Riemersma

Sûnt hjoed hawwe wy ek it jo net ûnbekinde romantyske leafdespear Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus, dy’t sjerpslikjende artikels oer inoar skriuwe. Ik sitearje Eeltsje:

In skot yn de roas wie de performance fan it skriuwersduo Elske Schotanus en Arjan Hut, dat fanôf de balustrade op de earste ferdjipping mei help fan in megafoan Miedema syn ‘greate wrakseling’ oer it fuotljocht brocht.

Ferrassend en sterk wie Schotanus har deklamaasje fan ien fan de kaairigels út dit wilens klassike Fryske gedicht: “ah witte presys hwat moai is / witte presys hwat wij fijn fine / fotografearje dat wol wer even / ôfdrukke mar wer.”

Dat sokken net troch hawwe dat se harsels hjirmei folslein bespotlik meitsje…

Eeltsje Hettinga

 

Elske Schotanus

Posted

yn

troch

Reakce

2 antwurden op “It giet mar troch: literêre ynsest yn Fryslân”

  1. Knilles Avatar
    Knilles

    Goeie Josse, it giet my net om de performance, dy haw ik yndied net meimakke, mar om it feit dat it tige ûnferstannich is
    jo eigen libbenspartner yn it iepenbier te resinsearjen. Wêr bliuwt dan de objektiviteit? fr gr cor

  2. josse de haan Avatar
    josse de haan

    Cor, ast der west hiest soest dit net skreaun hawwe…beide, Elske en Arjan diene it treflik mei harren ynterpretaasje fan it fers fan Miedema, sadat de irony fan de dichter oangeande de fryske ferzen sitewaasje aktueel waard…sels nei 50 jier!

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.