Reaksjes ‘Kristus Pavlov’

Fragmint út blochke fan Abe de Vries.

De twadde seit dat it ûnwinsklik is dat in boek fan in redakteur besprutsen wurdt troch immen dy’t troch de redakteur sels oandroegen wurdt as ‘fan’ en sels ‘kenner’ fan de redakteur yn kwesty. Wêrom? Om’t fansels elke skriuwer fan in boek dat besprutsen wurde moat, wol graach syn eigen besprekker útkieze wolle soe. Wat soe soks dwaan mei it oansjen fan de literêre krityk? Lykwols wurdt ensafh-redakteur Cornelis van der Wal syn dichtbondel Kristus Pavlov yn it nijste nûmer besprutsen troch dichter en Van der Wal-adept Michel Dijkstra, deselde dy’t in healjier lyn – doe betitele as “de grutste kenner fan it wurk van Van der Wal” – it earste eksimplaar fan Kristus Pavlov yn ûntfangst nimme mocht út hannen fan de dichter.

As de favorite besprekker it Frysk net behearsket, gjin punt. Soks heart blykber net by de funksje-easken. Ensafh set it besprek wol oer yn goed nei te kommen Frysk.

Besprek Michel Dijkstra yn ensafh nû. 6, jiergong 3

Klik op de plaatsjes foar in grutter byld

Abe de Vries yn it Friesch Dagblad:


Diskusje by Abe de Vries: “Minsklik ûngemak versus religieuze ferromming? Knibbelje, ûnrein, reade wyn (kommuny), slange, krús, hillige – it binne wurden fan it hegere, dêr’t blykber ferlet fan is. As in hûntsje ferwachtet de minske yn it fers rêding as de bel rinkelet. De grammatikale ûnbeplêste rigel sil de ‘ûntregeling’ wêze dy’t gedichten romte jout, mar de lêste rigel rint út op moard: Jezus himsels wurdt smoard mei in ‘hollekessen’.”

Dat skreau ik ôfrûne sneon yn it FD oer boppesteand gedicht fan Cornelis van der Wal. De dichter is it net mei myn ynterpretaasje iens. Dy is neffens him “skandelik” en “blasfemysk” en de krante hie it besprek dêrom wegerje moatten. Lit my de analyze dêrom ris oer dwaan, op it foarste plak om’t Cornelis van der Wal te skiterich is om op te skriuwen wat der krekt oan myn ynterpretaasje skeelt, op it twadde plak om’t ik no ek wol benijd bin oft myn ynterpretaasje oerein bliuwe kin, as de dichter sels safolle kabaal makket, en op it tredde plak om’t ik altyd wol aardich oerwei koe mei it mantsje, dat my no ynienen ta “fijân” ferklearre hat. Lês hjir fierder.

Artikel fan Eeltsje Hettinga: Van der Wal hat, sa lit er op syn site witte, muoite mei guon ynterpretaasjes fan syn wurk. Karakterisearrings as  “kwasy-mystyk” binne him yn it ferkearde kielsgat sketten. Ek wol er net beskuldige wurde fan “blasfemy”, in troch himsels opbrocht begryp, him ynjûn nei oanlieding fan De Vries syn ynterpretaasje fan it titelgedicht fan de bondel. Lês hjir fierder.

Jelle van der MeulenIn Kristus Pavlov, zijn zesde dichtbundel, lijkt de dichter Cornelis van der Wal wel heen en weer geslingerd te worden tussen tegenstrijdige gevoelens. Los van de wereld willen zijn en er tegelijk deel van uitmaken. Grootse daden verrichten, op de top van de berg de heilige maagd ontmoeten, met zijn kont op een wolk wegvaren, voor goud gaan, maar aan de andere kant weten wat het lot van Ikarus was. God aanroepen en god vervloeken. En dat alles noteren in vrij korte gedichten met krachtige, hoewel soms onnavolgbare beelden waar die tegenstellingen ook vaak in zitten, zoals in het slot van ‘Myn bern’:

Lês hjir fierder

Besprek Eppie Dam yn Leeuwarder Courant fan 10=06-2011 Klik op it plaatsje foar in folle better byld.

Josse de Haan: ‘Sterke bondel’

Willem Schoorstra: ‘Ik haw de bondel no tink 5 kear lêzen, it wurdt tiid foar in priis!’

Anne Feddema:

Videos, Slideshows and Podcasts by Cincopa Wordpress Plugin