Ulalume, E.A. Poe

Lês hjir fierder

Nije rigel yn it reade boekje

Jawis, dy Bio oer Majakovsky haw ik in pear dagen lyn al ynlevere. In prachtich boek, en op it lêst krige ik dochs wol wat te dwaan mei de dichter. Al in hiel skoft haw ik syn folsleine gedichten yn myn besit. Yn it Dútsk, fan dy reade boekjes. Krige hjoed ek de Ingelske oersetting binnen fan in lotgenoat fan Majakovsky, Sergej Esenin.

Fannacht mar wer fierder mei eigen nije poëzij, haw in aparte earste rigel skreaun, benijd hoe’t it fierder giet…

Fan moarn ôf in útstalling fan nij wurk fan Anne Feddema yn Galerie de Vries yn Ljouwert!

En hjirûnder sjogge jo it sitaat dat Ton van Dijk foaryn syn boek setten hat:

Ik yt aansens sop en pasta

Fize YouTube filmkes

Ik hie it earst net heard, dat kaam tink fan it spuien, mar op in bepaald stuit hat Hylke Speerstra it oer ‘Fize YouTube filmkes.’ Jawol, op minuut 24 yn dit programma seit Speerstra soks. Dat kin allinnich mar op dit, tige aardige filmke slaan…

Goed! Foar straf noch in fiis filmke!

Duo von Däniken: It Bamyliet

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=TXYz4-mE3Vs[/youtube]

Besprek de Moanne, jiergong 9 nû. 2. Mei rapportsifers!

Nee, op it net stiet noch altyd de net al te oanloklike foarside fan nû.1, mar nû. 2 is al in skoftke út. Hjirûnder folget myn ûnmeilydsume, mar dochs nei objektiviteit stribjende besprek. Mei rapportsifers.

De foarkant: Jochem Hamstra is in bêste keardel, mar dy trui kriget in 6.4.

Estafettekollum is neat oan, in 4.3. Grytsje Schaaf is wat minder yn foarm mei har eigen kollum, in 6.8. Dat witte wy no wol, minsken yn de trein bekoekeloere en dêr in kollum oer skriuwe. Dat kin folle better Grytsje!

Ernst Bruinsma hat in ferbouwing hân yn syn eigen hûs. Ik moat der net oan tinke! Klearebare horror. En dat wurdt dan wer ferbûn mei brûsplakken. No ja, in 6.8.

In aardich petear fan Karen Bies mei keunstskilder Jochem Hamstra. Hie oars wol wat mear de djipte yn kinnen. No sa: in 7.2. De echte tragyk wurdt net oer sprutsen.

It muzykstikje fan Liuwe van der Meer giet oer âlde opera’s. Opera! Altyd goed. In 8.6.

Willem Schoorstra skreau in lang ferhaal: ‘Snapshots.’ Ik haw it noch net lêzen, mar it is in treflik stikje proaza. In 8.7.

Ate Grypstra levere in besprek fan Geart van der Mear syn oersetting fan ‘Paradise Lost’, fan de hear John Milton. Bytsje koart, mar net ferkeard, in 7.3.

André Bralts neamde lêst myn Kening Kees ien fan de grappichste boeken dy’t er de ôfrûne 20 jier lêzen hie. Dêrom kriget syn Kollum oer Anne Wadman in 9.3.

Karen Bies hat it oer Wallander. Dat fyn ik ek wol moaie boeken. No foarút: in 7.0. Ik bin myld hjoed. Oant no ta.

Arjan Hut skreau in stikje oer syn ferline as mislearre popmuzikant. Heden, heden. In 5.9.

Johan Jongsma hat in taalrubryk yn de Moanne. Net ûnaardich, mar syn styl kin noch wol wat better. In 6.5.

De foto’s fan Henk Bleeker yn dizze Moanne fyn ik net moai. In 4.8. Kin oan my lizze hear. Ik fyn fotografy sahoesa in oerskatte tak fan sport.

Slop stikje fan iene Laurens Bontes oer Rien Poortvliet. Sil wol iroanysk bedoeld wêze… In 4.3.

Treflik stik fan Geart van der Mear oer de hear Alfred Tennyson. Moai en prachtich ek Geart syn oersetting fan de Ingelske dichter. Hulde! Van der Mear hat gjin ear en each foar de moderne poëzij, mar âld papier hat er ferstân fan. In 9.4.

Tige matich stikje fan Sjoerd Bottema. Is it humor of sa? Nee, it is in 4.9.

Tsja, in gedicht fan Eeltsje Hettinga… It seit my neat, it docht my neat. Mar technysk ynoarder. In 6.3.

Goed stik fan Josse de Haan oer it nije boek fan Thomas Vaessens. Haw ik net lêzen, dat boek dan. Josse hat it al lêzen: in 7.6.

In artikel dêr’t Inge Heslinga yn foarkomt kriget fan my altyd in 8.0.

In stikje oer in toanielspyldert, in sekere Eelco Venema. Liket my mar wat in eigenwiis keardeltsje ta, wylst er noch mar krekt út de ruften is. In 5.4.

Toar en dreech stikje oer it wurdboek, fan Anne Dykstra. It is luftich bedoeld, mar dat is dus net slagge: in 5.3.

En dan wer it obligate anty-Fryske stikje yn de Moanne. Diskear fan de flauwe Steven de Winter. Gjin praat wurdich, mar al in 5.2.

De hear Huub Mous sil alle Fryske romans lêze dy’t nei de oarloch ferskynd binne. Binnen in jier. Foar dizze Guiness Book of Records prestaasje ferstjinnet er wol in foldwaande. In 7.2.

Sil jûn blik sop opwaarmje.

Duo von Däniken op YouTube

Alle harkspultsje fan Duo von Däniken stean no op YouTube. Hjirre dus.

Beskieden debyl

Goemoarn bêste minsken. Op dizze grize sneintemoarn woe ik it dochs ris oer dat programma SneonS fan juster hawwe. Jo kinne dy útstjoering yn myn foarige berjocht oanklikke.

Ik sil my ynhâlde. Besykje alteast. Lit ik alderearst hjir ris in trochferwizing delsette nei in kursus Frysk praten. Jo witte tink wol wa’t ik dy kursus tahawwe wol. No, dêr komt er: KLIK. En al jo bêst in bytsje dwaan hear, want sa kin it net fansels. Nim ris in foarbyld oan dit frommeske. Lit ik foar de rest sizze dat Wieke de Haan it hiel goed die. En dat beskiedenheid in hiele goede eigenskip is, guon minsken hawwe dêr lykwols noch nea fan heard.

En de Omrop kin wol mei sarkastyske filmkes oer de Fryske literatuer komme, mar der wurdt fergetten dat de Omrop sels ien fan de grutte feroarsakers fan de delgong fan de Fryske literatuer is. De Omrop nimt har kulturele taak net langer serieus. Der wurdt hast hielendal gjin oandacht mear oan Frysktalige skriuwers bestege. Debile spultsjes en debile muzyk, dat fine de Friezen moai, miene se dêre.

No sa, ik waarmje jûn in ôfpriisd bakje iten fan de Puis op.

En jo kinne ek op dit nije bloch reagearje hear. It stiet der no noch yn it Ingelsk boppe: without comments. Dêr kinne jo op klikke. Mei de mûs. Ik moat dat allegear noch ferfryskje, mar dêr haw ik efkes gjin nocht oan.

Efkes spuie mei Fryske Skriuwers

Klik op it plaatsje!

Pasta mei Klier

Ik sit nei in prachtige útfiering fan Puccini syn Turandot te harkjen. Dirigint Lorin Maazel. It lûd komt út myn webradio, dêr’t ik in pear moaie lûdsprekkerkes oan keppele haw.

Bin al aardich fier yn de Majakovski-bio. En ik moat opsjitte, want ien of oare klier hat it boek reservearre by Tresoar, dat ik hie it eins al ynleverje moatten. Oare wike, efkes geduld graach. De dichter wurdt oars al wat sympatiker, mar it bliuwt in maniak. Lês it sels mar. Wat my no wer opfalt, dat is de grutte ynfloed dy’t Vladimir op it dichtwurk fan Anne Feddema hân hat.

Ja, en elkenien hopet fansels dat Balkenende ek opstapt, mar dat moat krekt net, want it CDA wurdt no fansels fuortblaast. Faaks stim ik sels aansens foar it earst fan myn libben PVDA, wy sjogge wol.

Nije skriuwersside, fan Simen de Jong. Klikke mar!

Ik yt pasta mei selsmakke, hearlike saus.

Slûge Tresoar

Der skynt dus dochs wat aktiviteit te kommen ynstee fan de Fryske Boekewike. Eins skandalich om soks samar in jier oer te slaan. Dat hat fansels desastreuse gefolgen foar de ferkeap fan Fryske boeken dit jier. Ik bin benijd nei de sifers.

By Tresoar lêze se blykber myn stikjes net (mear), want dy side is noch neat oan ferbettere. Kloppet ommers neat fan! No ja, slûge soe ek wat…

Haw de links fan myn âlde bloch ymportearre en sanearre. Wolle jo der by stean? It is fergees hear. Mail my mar. Ah, ik moat der noch in reaksjeformulier opsette. Komt goed.

Sil jûn reade koal mei haché en rjappelpomp ite.