Hjoed krige ik it berjocht dat seis fersen fan myn hân ferskine sille yn it renomearre Deenske tydskrift Hvedekorn. De fersen komme út Wolf yn harnas (2016) en binne yn it Deensk oerset troch Geart Tigchelaar en Carsten René Nielsen.
In opfallend ynstjoerd stik fan Job Degenaar yn de Ljouwerter Krante fan 02-11-19. In sitaat: ‘De in 2018 ingestelde jaarlijkse Kultuerpriis van De Fryske Marren is uitsluitend bedoeld voor literair, muzikaal of toneelwerk in het Frysk.’ Degenaar fynt it brûken fan it Frysk ‘terug naar af’ gean. Dizze priis moat neffens Degenaar ek iepenstean foar it Hollânsk en oare talen, want oars makket de talintfolle Hollânsktalige dichter ommers gjin kâns op in bekroaning. En: ‘alleen Friestaligen komen in aanmerking voor deze cultuurprijs. Mijns inziens is dit een vorm van discriminatie.’
Och earme, Job wurdt diskriminearre! Wy wenje hjir yn Fryslân, Degenaar. Wen der mar oan.
De redaksje fan de Moanne sil sa njonkelytsen wol mei de hannen yn it hier sitte, foarsafier oanwêzich, alteast. Der hat him in nije protestant tsjin de omstriden Skriuwoprop fan it tydskrift oppennearre, en it is nimmen minder as Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga! Dat de bêste man in pear punten fan ûndertekene oernommen hat is fansels alinnich mar in grutte eare!
Earder wie ek Jan Kleefstra net te sprekken oer dizze gong fan saken…
Sjoch ek myn foarige berjocht.
Ik hie it der lêst ek alris oer, mar no stiet it offisjeel online by de Moanne: Skriuwoprop: Wat wit ik fan dizze wrâld?
It sil grif oan mysels lizze, mar wat moat ik mei teksten as ‘It wurdt tiid dat skriuwers yn Fryslân harren potlead de grûn yn stekke om te fernimmen wêr’t al dy trillingen dy’t ús demokratyske tradysje oan it wankeljen bringe, wei komme. Of dat se harren laptop iepenklappe en as in seiltsje omheech hâlde om mei te farren op de wyn fan de tiid.’ Faaks is it (minne) poëzij?
En, ‘Mei dizze oprop wol de redaksje stilstean by it feit dat it eksakt 50 jier lyn is dat it earste nûmer fan Trotwaer ferskynde.’ Ja, offisjeel makket literêr tydskrift Trotwaer noch diel út fan de Moanne, mar dêr komt yn ‘e praktyk neat mear fan op ‘e hispel. It oantal ôfwaaide ‘keunst’-artikelen hat fierwei de oerhân boppe de literatuer. De redaksje fan it tydskrift de Moanne wol dus de oprjochting fan Trotwaer betinke, wylst se sels ferantwurdlik binne foar de ûndergong fan Trotwaer. Liket my frijwat hypokryt ta.
Noch ien: ‘De bining mei de werklikheid is hast ferbrutsen yn de Fryske literêre tradysje. Heech tiid om ús de fraach te stellen: Wat wit ik fan dizze wrâld?’
‘De werklikheid’. Tsjong, redaksje, wolris in filosofysk boekje lêzen?
En nee, it is diskear net Ernst Bruinsma, mar Friduwih Riemersma fan útjouwerij Grotesk (what’s in a name). Riemersma is tige te sprekken oer de by Fers2 yn 2015 úteinsette ferhalesyklus Ho Wu en Misty Mac fan Aggie van der Meer.
Letter binne dizze ferhalen yn boekfoarm útjûn by Grotesk. Dat lêste neamt frou Riemersma lykwols net. Nuver no?
Ik achtsje de kâns grut dat Friduwih thús har húske mei WC-eend himmelet.
f
Haw in lyts ynstrumintaal ferske makke. Made a little instrumental song:
Ik sitearje efkes Sirkwy:
‘Wat wit ik fan dizze wrâld? Algemien kultureel opinyblêd de Moanne skriuwt in wedstryd út oer de bining mei de werklikheid fan proazaskriuwers. Op dizze wize wol de redaksje stilstean by it feit dat it 50 jier lyn is dat it earste nûmer fan Trotwaer ferskynde, de foarrinner fan de Moanne.
Oan ‘e ein fan 2019 wol de redaksje in folslein nûmer meitsje mei bydragen dy’t oer ús wrâld geane. Is dit de wrâld dêr’t wy ús yn thús fiele, meitsje wy him stikken of krekt noch wat moaier? Skriuw it op as fan dy ôf en doch mei.
Meidwaan? Elkenien kin in ferhaal, kollum, gedicht of audio- of filmfragmint ynstjoere.’
Giet it no allinnich om proazaskriuwers? Mar wêrom stiet der dan dat der ek gedichten ynstjoerd wurde meie?
En, mei permisje, wat moatte jo mei ‘Wat wit ik fan dizze wrâld? En: ‘…. de bining mei de werklikheid fan proazaskriuwers.’ En it is dus in wedstryd, stiet der. Wat is dan de priis?
Trotwaer bestiet al lang net mear, it is ek gjin ûnderdiel mear fan de Moanne, dat foar mear as de helte út Hollânsktalich ôfwaaid arty farty praat bestiet.
Artikel fan Geart Tigchelaar yn Fryslân Markant fan Maaie 2019: ‘Dichters yn Denemarken’.
Klik op ‘e foto’s foar in better byld,

