Tag Archives: Abe de Vries

Abe de V. oer ensafh

Foar wa’t it in wat nuver idee fynt, dat Abe de Vries in haatkampanje tsjin ensafh fiere soe: sjoch it ûndersteande stikje mar ris. 02-03-2015

Abe syn fete

In pittige diskusje op Facebook oer it besprek yn it FD dat resinsint Abe de Vries skreau oer ‘Raffelwjok’ fan Syds Wiersma. Wiersma is net sa wiis mei dit besprek. Hjirûnder in sken fan it kranteartikel. Efkes op klikke. Ik haw it folgjende op Facebook setten: Cornelis van der Wal Typysk Abe, hy blêdet wat […]

Feilich op Facebook

Ja it is wier, it skriuwen fan in blochke is in bytsje in útstjerrende saak, alteast wat de Frysktalige bloggers oanbelanget. Dat jildt ek foar ûnderskreaune, ik haw der net alle dagen mear nocht oan. Aldergeloks hat Sigrid Kingma it blogjen oppakt. Har blog oer útjouwer Goasse Brouwer (Frysk en Frij) is no al in […]

Abe de Vries syn Nachtrider wer online!

Ja, it is wier, it frijwat mislearre projekt fan Abe de Vries is wer ta libben kaam! Wat wie dat ek al wer, dy Nachtrider? De Vries skreau yn 2011: ‘De NachtRider bringt bydragen oer literatuer, muzyk, media en byldzjende keunst. De NachtRider skriuwt yn it Frysk, mar sjocht ek oer de provinsjegrinzen. De NachtRider […]

Fers2: in fakânsje fan trije moanne…

En dan neame jo josels in serieus literêr tydskrift… Non-valeurs binne it by fers2, flinterknippers… De loaie stjonkerts gunne harsels in fakânsje fan trije moanne… It is fansels in ferlechje, dy lange fakânsje, der komt nei alle gedachten frijwol gjin kopij mear binnen by dit op stjerren nei deade ‘digitale tydkrift’… Lûk de stekker der […]

Marzjinale Fryske tydskriften

Heden, alwer in nije fers2! Wy wurde mar ferwend, no. Wêr hawwe wy it oan fertsjinne? Lykas altyd skriuwe de twa redakteuren it digitale, marzjinale bledsje wer fol… Abe de Vries levere in ûnlêsber stik oer Jan Wybenga. Besykje dochs wat helderder te skriuwen Abe! En de beide redakteuren skreaven in hast like ûnlêsber stik […]

Vliegende patat

It wie in moaie jûn, mei treflik iten en drinken by de Vliegende Hollander yn Ljouwert. Josse de Haan hie syn literêre freonen útnoege nei oanlieding fan it ferskinen fan Reedride op glêd iis. Hjirûnder in stikmannich foto’s. Sawat alle Fryske skriuwers fan ymportânsje wiene der. Nee, jo net, mar wat seit dat oer jo? […]

Fers2: literêre ynteelt sûnder wjergea

Achte lêzer, sa’t jo hjirboppe lêze kinne, bestiet de redaksje fan fers2 út Abe de Vries en Friduwih Riemersma. No is it hjir by Knilles gjin Story as Privé, mar it is algemien bekend dat harren relaasje fierder giet as inkeld in saaklik/literêre gearwurking. It is in spantsje, en dat is fansels hiel moai foar Abe en […]

Eigenaardige gearkomste

Fannacht frij eigenaardich dreamd: der wie in soarte fan gearkomste by ús thús, mei yn elts gefal Abe de Vries en Eppie Dam. Neffens my wie Geart Tigchelaar der ek by, mar dy feroare letter yn in oar, ûnbekend persoan. Abe woe gjin alkohol as cola hawwe, mar ik hie neat oars. En Eppie sei […]

Abe brekt mei Breukers

No, is dat net in moaie kop? Ik haw it út tige betroubere boarne: Abe de Vries wol net langer gearwurkje mei Chrétien Breukers. It ynsjoch komt in bytsje let, mar dat binne wy wend by Abe. Ein ferline jier ferskynde der noch in samling essays fan De Vries by Breukers syn útjouwerij De Contrabas. […]