De poëzijbesprekken fan Eppie Dam yn de Ljouwerter Krante binne bywurke mei resinsjes fan de nijste bondels fan Jan Kooistra en Albertina Soepboer. Klik hjir foar it oersjoch.
Ja, it is wier, Tsead Bruinja, de nije kollumnist fan de Ljouwerter Krante, skriuwt syn kollum yn it Hollânsk. Myn fraach is: wêrom? Moat dat fan de krante, of is dit Tsead syn kar? Ik fyn it … Lit mar, myn stânpunt is bekend. En, hiel wat oars, kin de gemeente Ljouwert dizze poëzijtegel fan […]
Hjoed krige ik berjocht dat ik myn âlde weblog, yn it ferline noch as web-log skreaun, oersette koe nei WordPress.com. De omkoalen dêr hawwe in soad informaasje fernield. It moaie blog fan Albertina Soepboer bygelyks. Wat bin ik bliid dat ik de brot no sels behear fia myn eigen wordpress. Mar it âlde blog moat […]
¶
Posted 17 jannewaris 2013
† Knilles
§
Bloch
‡
°
Also tagged:
Ik lies niiskrekt de DWERS fan Pieter de Groot oer û.o. The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics: Fourth Edition. Der soe ek in stikje oer Fryske poëzij ynstean, skreaun troch Jelle Krol, en ja, dan wol ik daliks witte oft ik sels ek neamd wurd. Dat wolle wy allegearre, jou no mar ta. In […]
¶
Posted 14 desimber 2012
† Knilles
§
Bloch
‡
°
Also tagged: Abe de Vries, Anne Feddema, Anne Wadman, Arjan Hut, Bartle Laverman, Baukje Wytsma, Berber van der Geest, Cornelis van der Wal, D.H. Kiestra, Daniël Daan (Willem Abma), Douwe Kalma, Douwe Tamminga, Eeltsje Halbertsma, Eeltsje Hettinga, Ella Wassenaer, Elmar Kuiper, Eppie Dam, F.H. Sixma van Heemstra, Fedde Schurer, Freark Dam, G.N. Visser, Gysbert Japicx, Harmen Sytstra, Harmen WInd, Hessel Miedema, J.D. de Jong, J.Q. Smink, Jabik Veenbaas, Jan J. Bylsma, Jan Wybenga, Jelle de Jong, Jelle Kaspersma, Josse de Haan, Klaes Dykstra, Margryt Poorstra, Marten Sikkema, Meindert Bylsma, Nyk de Vries, Obe Postma, P.J. Troelstra, Pieter de Groot, Piter Boersma, R.P. Sybesma, R.R. van der Leest, Rixt, SImke Kloosterman, Sjoerd Spanninga, Sybe Krol, T.G. van der Meulen, Tiny Mulder, Tjitte Piebenga, Trinus Riemersma, Tsead Bruinja, Tsjêbbe Hettinga, Tsjits Peanstra, Waling Dykstra, Wilco Berga, Ype Poortinga
[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=Rr8GjqGqViY[/youtube]
Bêste minsken fan Tresoar, ik haw wer wat te seuren. It is wier dat ik yn it jier 2004 De Gouden Lykdoarn foar de Meast Paranoïde Skriuwer ûntfange mocht, in priis dêr’t ik noch altyd tige grutsk op bin, benammen fansels omdat er ûndertekene is troch Arjan Hut, mei wa’t ik oare wike nammers de […]
Ôfrûne freed wie ik wer ris yn it moaie stedsje Grins. Altyd noflik om werom te kommen. Mar ik haw Snits leaver, dus. Heden, heden, jo kinne dêr ek gjin stap fersette of jo komme de selsbeneamde Literatuerpaus fan Grins tsjin. Dat is dus, mient er sels, de hear Coen Peppelenbos. Prutsskriuwer en liichbist. Sjoch […]
Earder ferskynd yn it Friesch Dagblad, 26-01-2011
Mei Albertina Soepboer: De trektocht
No minsken, wer goed nijs fan it Frysktalige blochfront: Albertina Soepboer is wer úteinset mei har webloch! Fansels al daliks synjalearre troch it nea folpriizge tydskrift ensafh. No noch twitterje Albertina! Of Facebook, of Hives, of… Ik haw in skoftke op Facebook sitten, mar dat kostet my fierstenfolle tiid. Twitterje en blochje, ik haw dêr […]