Tag Archives: André Looijenga

Literêre fytstocht op ‘e klaai

Ja minsken, der komme tige hite dagen oan, jim wisten it al. Ik kin der wol aardich oer, mar sjoch der net nei út. Earjuster wie it moai, net al te waarm fytswaar, dat ik bin fia Deinum, Dronryp, Bitgummole, Ingelum en Marsum wer yn Ljouwert bedarre. Underweis seach ik Sito Wyngaarden fytsen, yn Bitgummole. […]

De Nije Fryske Lieders!

De fine fleur fan de Fryske Literateur

Ik hie noch wat foto’s oer fan myn reportaazje fan ôfrûne snein. It soe skande wêze om dy net efkes sjen te litten. Ik jou mar gjin kommentaar by de plaatsjes. Better fan net. Klik op de foto’s foar in grutter byld. Wy hawwe nasy iten.          

Foto’s Alde Meuk

Heden, hie’k net mear oan tocht: ik haw ferline wike ek noch wat foto’s makke by de ‘Alde Meuk’.    

Dwers protest

Heden, moai dat Pieter de Groot my yn syn  Dwers fan hjoed efkes neamt as ien fan de earsten dy’t yn ferset kommen is tsjin de ‘nije stavering’. Dat die ik op dit plak. Daam de Vries seach it swurk ek al rillegau driuwen. Oaren wiene hjir wat stadiger mei, mar hawwe no al in […]

‘Samle fersen’ Jan Wybenga: € 125,-

Knippe en plakke fan Feestboek: André Looijenga Kloppet dat fan dy €125? Wat in idioat djoer boek is it dan wurden… As it sa mâl moat, kin ik myn sneontemiddei ek wol nofliker bestedigje. 9 oeren lyn · Leuk Jetske Bilker Do stietst der wol as sprekker by! Lûkst dy werom? En Goaitsen, komt dy […]

Gjin prizen mear foar poëzij?

Yep, Knilles wie ek by de útrikking fan de Gysbert, it gie my fansels benammen om it fergese iten en drinken nei de plechtichheid. De busreis nei Boalsert wie nammers ek fergees, want it OV-chip apparaat wie stikken. Weromreis ek fergees, yn ‘e auto fan… -jo leauwe it net, mar it is wier- de literatuerbefoarderer. […]

Waarde gemeente: wee uw gebeente

Mei ik, op dizze waarme, mar dochs heuchlike dei, it wurd jaan oan oan dûmny Looijenga te Grins. Lês hjir syn oangripende preek. Ik waamje in bakje iten op.

Ferneamde blogger op besite

André Looijenga fan it Frysk Deibloch