Tag Archives: Arjan Hut

Updeet Dichter fan Fryslân

Updeet Dichter fan Fryslân Yntusken is dúdlik wurden (nei har eigen oanwizingen) dat Sigrid Kingma it fers It swijen nei Doede skreaun hat, en dat it fers Under de stêden net fan Arjan Hut is. As de organisaasje de kompetysje earlik spylje wol, dan moatte de oare twa kandidaten no ek mei namme neamd wurde. Bin oars tige benijd […]

Sinjalearre: ‘Obe Postma hie in fyts’ út Wolf yn harnas

Arjan Hut yn de Moanne nû 3, 2017 Efkes op it plaatsje klikke

Besprek ‘Kleur’ út Wolf yn harnas

Arjan Hut besprekt yn it Frysk Deiblêd it gedicht ‘Kleur’ út myn nije bondel Wolf yn harnas.   Efkes oanklikke foar in goed byld.  

Tresoar kin namme Frysk dichter net skriuwe

Se sille noch wat yn ‘e beane wêze fan it WK, en dan benammen fan Arjen Robben. Mar it is dochs wier ArjAn Hut dy’t meiwurket oan in Obe Postma-middei. Op de side fan Swalk wurket de feed nammers net. Mar dat is by alle siden fan Tresoar sa. Al moai oars dat it Boekefeest […]

Daverjende Spanning By Gysbertpoll!

Nee, ik kin net sjen wa’t op wa stimd hat… Mar it is tige spannend op de poll! De útslach sil, sa’t ik hearde, in grutte rol spylje by it úteinlike takennen fan de Gysbert. Of net. Dat kin ek. Ik fyn it oars al wat sneu foar Arjan Hut, dy stiet noch op 0 […]

The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics

Ik lies niiskrekt de DWERS fan Pieter de Groot oer û.o. The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics: Fourth Edition. Der soe ek in stikje oer Fryske poëzij ynstean, skreaun troch Jelle Krol, en ja, dan wol ik daliks witte oft ik sels ek neamd wurd. Dat wolle wy allegearre, jou no mar ta. In […]

Iepen brief oan Tresoar

Bêste minsken fan Tresoar, ik haw wer wat te seuren. It is wier dat ik yn it jier 2004 De Gouden Lykdoarn foar de Meast Paranoïde Skriuwer ûntfange mocht, in priis dêr’t ik noch altyd tige grutsk op bin, benammen fansels omdat er ûndertekene is troch Arjan Hut, mei wa’t ik oare wike nammers de […]

Net mei fakânsje!

In dichter giet noait mei fakânsje. Dus. De Moanne hat in pear dagen lyn in net ûnaardich nûmer útjûn, en dan bedoel ik net it Swette-nûmer. Neat op de Swette tsjin oars, ik rin der in pear kear yn ‘e wike by del, net hielendal, mar dochs. Nee, der wie ek in nûmer dat wol […]

Motteballen mei wyn

Ha, Sinne! Goeie, Knilles. Dat wie in skoft lyn, dat ik op it balkon sitte koe. No ja, it koe fansels al earder, mar dan hie ik it faaks net oerlibbe. Lekker lêzen. Der komme noch gjin boatsjes del, mar dat duorret net lang mear. Ek myn EEE út de motteballen helle, en wat skreaun […]

Besprek ‘Tin’ fan Arjan Hut

Publisearre yn it Friesch Dagblad, 22-01-2011