Cornelis van der Wal

Tag: bakte rjappels

  • Knilles by Trotwaer online

    No, is ‘t net in merakel? Alle edysjes fan Trotwaer, doe’t it noch net anneksearre wie troch de Moanne, steane online. Der steane ek artikels fan en oer my yn, klik hjir as jo dat nijsgjirrich taliket.   Jûn fisk mei bakte rjappels en slaad

  • Stimme

    Ja, ik wit al wat ik moarn stimme sil, it wurdt yn elts gefal net de VVD. Ik wurdt al mislik as ik de posters mei dy kop fan Aukje de Vries hjir yn Ljouwert hingjen sjoch. Jawis, Aukje de Vries. ferneamd fan har útspraak: ‘Armoede is een keuze‘. Dat soks noch talitten wurdt op…

  • Anna Tilroe: Kulturele Haatstêd

    Dit lies ik krekt op it bloch fan Henk van der Veer: ‘Dat artikstyk leider mefrou Anna Tilroe na afloop fan dizze bijeenkomst mij op groan fan bovenstaande bewaering útmaakte foar ‘leugenaar’ en ‘schreeuwer’ fon ik der fer bij deur. Ut seit mear fan har as fan mij!’ It giet hjir fansels om it pleatsen fan…

  • De wraak fan Tresoar

    Ik haw der lang oer twifele oft ik dit blochke wol pleatse soe. Dan krije jo wer dat geëamel fan dy Knilles fielt him miskend. No, dat falt wol wat ta, mar ik wurd wol tsjinwurke, benammen troch de lju fan Tresoar. En dan bedoel ik net it tsjinstferlienend personiel, dat binne poerbêste minsken, mar benammen…

  • Algemiene artsy-fartsy

    Hjoed wie ik foar in koart ûndersyk wer ris yn Tresoar, dêr’t as it goed is ek noch it FLMD sitte moat, mar ik kin it net fine… Lykas earder sein fyn ik de nije wurkplakken boppe tige slagge, der hearsket in rêstige sfear, folle better as yn it Stadsstudiecentrum yn de iepenbiere Byb. Dêr…

  • Finsters op Fryslân: Geveltsjefrysk fan de boppeste Planke

    Hoera, wer in nije Fryske side derby! O, wachtsje efkes…, nee allinnich de namme is Frysk: ‘Finsters op Fryslân.’ Dat komt, leave berntsjes, om’t it in projekt is dat mei KH 18 te krijen hat, en jim witte dat dy stoute minsken net safolle mei it Frysk te krijen hawwe wolle. No, kom dêr dan…

  • Bakt kassafamke

    Hjoed foar it earst dit jier wer ris in aardich ein fytst. De kop hat al wat kleur krige fan de maartsinne. Ik haw myn okkerdeis oanskafte DAB-radiootsje ek efkes goed útteste kind, en it wurket as in tierelier. Gjin steuringen mear, en in glêshelder lûd. Yn Gytsjerk wat boadskipkes dien yn de lokale AH.…

  • Fers2: de Nijste Faal fan Abe + oanfolling

    No ha’k it eins net oan tiid, mar dochs in lyts stikje oer fers2.eu, in nij inisjatyf fan Abe de Vries. It is in Frysk literêr tydskrift. Tige spitich dat Abe no ek Friduwih Riemersma yn syn fal meisleept. Want dat ek dit projekt mislearje sil is wis. Dat giet no ienkear sa, by Abe.…

  • Letterhoeke Tresoar hast folslein yn it Hollânsk

    Ja minsken, ik haw efkes oant it turvjen west wat de nijste Letterhoeke fan Tresoar oanbelanget. Ek hjir liket it Frysk stadichoan te ferdwinen. Se moatte har skamje, dêr oan ‘e Bûterhoeke. 16 siden yn it Hollânsk, 9 yn it Frysk. Sa binne de ferhâldingen. Wy ite jûn bakte rjappels mei hin.

  • Stikje gedicht

    Heden. Google Streetview is fernijd. Dit is Dinie har winkel en achter de boppeste rútsjes hat Knilles syn wurkromte… In grutte souder. Justernacht in gedicht kwytrekke omdat de autosave fan in Android programme net wurke. Sil aansens sjen oft ik it wer rekonstruearje kin… Wy hawwe bakte rjappels mei stikje fleis en raukost iten.