Tag Archives: bakte rjappels

Sunich Sirkwy

Nee, in grutte ramp is it net hear, mar wurdt de side fan Sirkwy faaks net mear byhâlden? Jo soene it hast tinke. Of is de webmaster fuortbesunige? Al wat skande dat ik sels ek in flaterke makke: ‘moar’ moat ‘moat’ wêze. Mar ik kin it dêr net ferbetterje. Folgje jo it noch? Bakte rjappels […]

It Nijs.nl: efkes laitsje om in fleantúchramp + updeet

Nee, ik lit it plaatsje hjir net sjen, mar ik haw it fansels al opslein. Wêr giet it om? By it Nijs.nl fine se dat wol grappich, sa’n fleantúchramp. Hjir is de link. Om te spuien. Updeet Foar it gefal It Nijs it plaatsje fuorthellet: ik haw it hjir delsetten. Ik fyn it wichtich om […]

Tiemersma syn apeboekje

No sjoch ris oan. Wer ris wat oandacht foar myn novelle Kening Kees. Jelle van der Meulen neamt it boek yn in besprek fan de eardere Kim Yûng Ûn fan de de Fryske Literatuer, Koos Tiemersma. De man dy Kafka net yn it Dútsk lêst en noch nea fan Jan Arends heard hie. Ja minsken: sok […]

Skieppeschnitzel

Rûn fannemiddei oer it Fliet. Neist in Growshop fine jo dêr in stien ta neitins oan Piter Jelles Troelstra. Ik tink wolris, soe it de man net oangrize wat de PVDA tsjintwurdich útheeft? No ja, mar net oer polityk begjinne, liket my better. En no wolle jim fansels ek graach witte wêr’t Knilles berne is. Ja, […]

Kursus âlde meuk

In deimannich lyn krige ik de ‘Boekelist Afûk 2010 – 2011 e.f.’ yn hannen. Dat is de list fan boeken dêr’t kursisten foar it B-eksamen út kieze kinne. Punt 1: der stiet gjin boek fan Knilles by. In grut skandaal fansels. Nee, sûnder gekheid: it is in diskutabele list, fol mei ‘âlde meuk’, sa’t in […]

Stammerjende Moanne

No sa, ik haw him noch net út, mar ergerje my al wer behoarlik oan it it nije nûmer fan de Moanne. Haw it tydskrift hjir net foar my, dat it moat út it ûnthâld wei. Wêrom fiif, seis siden fergrieme oan ien dy’t de omjouwing folspuitet mei amateuristyske, ôfgryslik ûnsjogge graffity? It mantsje Grond […]

Feest foar de trui

Efkes wat nostalgy, leave berntsjes! Oernaam fan it al earder neamde iP2r90 ‘ Rendez-Vous’, út 1993. Doe krige ik de Fedde Schurerpriis. 2/3 fan de sjuery is al stoarn… En ekskús foar dy trui… En wat wie dat in moai feest by Jikke Ozinga! Jo soene hast sizze, sokke feesten binne der tsjintwurdich net mear. […]

Drok en loai

Bytsje drok hjoed en no wat loai… Dat ik ferwiis efkes nei in aardige diskusje dêr’t ik ek by belutsen bin! Hjirre, op de Contrabas. Ha rjappels bakt & hin & raukost

Kibbeling foar de wyn

No, it is my no wol dúdlik, dat ik net op Grien- oftewol Groen Links stimme sil. Se wolle Fryslân ôfskaffe! No way, José. Nee, dochs mar wer de SP, hoewol’t dy ek net sa foar it Frysk binne. My tinkt dat Cohen wol genôch stimmen kriget. Ik stie yn bestân en reizgje hjoed rjochting […]

Literêre fytstocht 2010 (01)

Ja leave berntsjes, ik haw wer in eintsje te fytsen west. Kinne jim riede wêr’t ik west haw? Sjoch mar ris goed nei de foto’s… En it waard dan dochs wer in literêre fytstocht, want yn de supermerk fan Skearnegoutum trof ik de ferneamde skriuwster Marga Claus. Is’t net apart? No aansens allegear lekker sliepe […]