Cornelis van der Wal

Tag: Bamy

  • Pieter de Groot: Lân fan Taal, allinne mar in Hollânsktalige oankundiging

    ‘Grif stilte foar de stoarm, dy’t Lân fan Taal hjit en yn 2018 oer Fryslân raze sil? Ien fan de ûnderdielen dêrfan is de saneamde Taalkaravaan, dy’t allerhanne festivals en eveneminten oandocht en dêr’t sneon al in foarpriuwke fan te sjen en te hearren west hat op de Admiraliteitsdagen yn Dokkum. Op de webside fan…

  • Wolf yn harnas te keap

    Aardich wat publisiteit om de bondel hinne. Jo kinne de Wolf hjir online bestelle. Hjir stiet in stikje oer de presintaasje, en hjir en hjir ek. It wie in moaie middei, elkenien tank foar de oanwêzigens! Jûn bamy tink.

  • Abe syn fete

    In pittige diskusje op Facebook oer it besprek yn it FD dat resinsint Abe de Vries skreau oer ‘Raffelwjok’ fan Syds Wiersma. Wiersma is net sa wiis mei dit besprek. Hjirûnder in sken fan it kranteartikel. Efkes op klikke. Ik haw it folgjende op Facebook setten: Cornelis van der Wal Typysk Abe, hy blêdet wat…

  • Fers2: in fakânsje fan trije moanne…

    En dan neame jo josels in serieus literêr tydskrift… Non-valeurs binne it by fers2, flinterknippers… De loaie stjonkerts gunne harsels in fakânsje fan trije moanne… It is fansels in ferlechje, dy lange fakânsje, der komt nei alle gedachten frijwol gjin kopij mear binnen by dit op stjerren nei deade ‘digitale tydkrift’… Lûk de stekker der…

  • Brykprater Elske Schotanus

    Hy wit se wol út te kiezen, Asing Walthaus fan de Ljouwerter Krante. Diskear praat er mei Elske Schotanus. In hiel fermaaklik petear, sjoen it feit dat Schotanus hielendal gjin Frysk prate kìn! Hawwe jo har wolris heard? In hiel bryk taaltsje rôlet út har bekje. It sil wol Hearrenfeansk wêze of sa, gjin Frysk…

  • Goarre Brouwer: mear Hollânsk yn Fryske boeken!

    Goasse Brouwer, útjouwer fan de boeken fan Frysk en Frij, fynt dat it omdraaien fan de tiidwurden yn it Frysk moat kinne. Syn útspraken binne ûnderdiel fan in goarre, dy it Frysk yn in hieltyd rapper tempo ferneatiget. Efkes op it plaatsje klikke.   Jûn bamy

  • Skandalich: dei seis fan steuring op sirkwy.nl

    Moarn sil it in wike lyn wêze dat de skriuwersdatabase fan sirkwy.nl net mear te berikken wie. En dat no’t ik dy ynformaasje nedich bin foar in stik dat ik skriuw. Wêrom krije wy net te witten wat der krekt te rêden is? Is de hiele database ferlern gien? It soe in grof skandaal wêze. Juster…

  • Skilderij fan kopij

    Hmm… Se hawwe hjoed in skilderijke op Skanomodu setten. Noch altyd gjin kopij binne krigen blykber…   Wy hawwe Bamy iten

  • Bommel Bamy

    Faaks hawwe jim it al lêzen: it Kadoboek fan Tresoar sil dit jier in oersetting wêze fan Marten Toonder syn ‘De Vergelder’. No bin ik persoanlik wol in leafhawwer fan Toonder syn wurk. Mar wie der dan gjin oarspronklik Frysk skriuwer te finen? It tsjûget fan grutte earmoed fan geast en fan lytsachting foar de Fryske…

  • Boek fan de Bamy

    It is my wat mei dy Fryske ‘literêre’ siden. Fers2 is fansels net om oan te sjen en ynhâldlik sil it folskreaun wurde troch de twa redaksjeleden, sa foarsis ik. Faaks brûkt Abe aanst ien as mear pseudonimen, om ferskaat te suggerearjen. It hat ek in hiel skoft duorre foardat de link nei harren Facebookside…