Tag Archives: Bamy

Ljouwerter Krante jout romte oan Friezehater Peppelenbos

Ja, sa is’t mar krekt, lês hjir mar… : ‘…en daarom kon Komrij in het Nederlands dichten en niet in het Fries. Gelukkig maar.’ Ik begryp wier net wêrom dizze anty-Fries de gelegenheid kriget en ferkundigje syn mislike praatsjes oer Fryslân en de Friezen yn in Fryske krante. Wat fine jo eins fan Coen Peppelenbos? […]

Amateuristysk bakje

No, dat like my ek wol, digitale boeken liene by de bibletheek. Spitigernôch is de technyk noch net ta Fryslân trochdrongen. It wol yn elts gefal net mei myn paske en lidnûmer fan de Ljouwerter byb. Amateuristysk gedoch. No, lit dan mar. Soks moat daliks wurkje, oars krij ik daliks myn nocht. It is freegjen […]

sirkwy.nl folslein mislearre

‘Sa’t yn augustus ferline jier fernijd waard, rjochtet de redaksje fan Sirkwy him by it ynfieren fan de boektitels earst op oarspronklik Frysk literêr proaza foar lêzers fan 12 jier en âlder – net omdat oarsoartich wurk gjin belang hat, mar omdat je in grutte lape wurk yn ôfbeakene stikken ôfwurkje moatte.’ Dat skriuwt de […]

Would-be Bamy

Wurden as nimmen, benammen en faaks hat Abe de Vries net brûke wold yn syn oersetting fan Ynferno fan Dan Brown. Ja, dat faaks sei er net yn it LC petear yn de Freed fan juster, mar hat Abe lêst op syn Facebook skreaun. Apart, ik fyn faaks en benammen hiel gewoane wurden, net eat dat […]

Is it in besprek?

Is it in besprek? Is it in gedicht? Heden, heden, wat hat Knilles no wer skreaun? Oer Ikader, fan Eeltsje Hettinga. It moat net mâlder wurde. Lês it sels, op ensafh. Haw bamy rames ophelle en iten.

Sjuery Gysbert: net-literêre arguminten

Alderearst in rektifikaasje: der wie wol drank by de Griene Weide, myn korrespondint hie it by it ferkearde ein, dat ik haw him per direkt dien jûn. It wie in moai barren yn Boalsert juster, ik haw noch bamy iten nei ôfrin, tegearre mei in grutte groep feestgongers. Mar steane jo my ta dat ik […]

Bamy Pavlov

Jo freegje fo fansels al in moai skoft ôf: hoe is it no mei de diskutabele ynteraksje op Facebook tusken it sjuerylid fan de Gysbert Japiqkcxspriis Jantsje Post en priiskandidaat Abe de Vries? No, dy is stoppe. Jantsje fynt de berjochten fan Abe net mear leuk. Wy meie oannimme dat frou Post op de fingers […]

In goed miel en in noflik petear

Ja hear, it is wer safier. De safolste alvestêdetocht. En dan no in literêren ien, betocht tocht de tige orizinele en kréative geasten fen… It Skriuwersboun. Jawis, itselde Boun dat yn alle talen swijt oer de staveringskwestje. Ruurdtsje de Haan skriuwt: ‘Om yn foarm te bliuwen bringt Tryntsje alle dagen in besite oan in Frysk […]

Kuch bamy

No, ik haw in nij gassteltsje hear. Nee, net tanksij myn *kuch* trouwe lêzerkes. Ik haw sels ien fia Marktplaats op ‘e kop tikje moatten… It falt my al wat fan jim ôf, moat ik sizze. Ik sil wer ris wat freegje. Moarn sil ik bamy meitsje. Dus. En jim binne NET wolkom om mei […]

jûtjûb filmkes

Ha, dochs mar de nije WordPress ynstallearre. Bin altyd wat benaud dat de boel stikken giet… Of slimmer noch, dat it Frysk ferfongen wurdt troch Ingels, of noch slimmer: Hollânsk! It falt ta wol’k leauwe. Haw juster by de Kyksjop in moai mediaspylderke op it kopke tikt. Foar 60 Eury. It is dizze. Hjir kinst […]