Tag Archives: beantsjes

Sigrid Kingma hellet blog fuort

Lit ik op it foarste plak  sizze dat ik hielendal neat op Sigrid Kingma tsjin haw. Krekt oarsom. Ik bin allinnich mar de boadskipper fan it minne nijs. Kingma hat, ûnbedoeld, mei har blog eigenhannich it hiele projekt Dichter fan Fryslân opblaasd. Dêr haw ik melding fan makke. It kollektyf DichterS fan Fryslân hat -sûnder […]

Surrealistyske sosaaiety

Ik wie niiskrekt efkes by dit barren. Net ferkeard, al wie der al wat te min wyn ynkocht. Dêr stie tsjinoer dat der oaljekoeken serveard waarden, ik haw der twa hân. En trije glêzen reade wyn. Ik hie my oant no noch net sa’n soad yn it Snitser sosaaiety- en keunstlibben fan Snits fertoand, mar […]

Pûde mei Chrome

Ik bin wer foar de safolste kear oerstapt. Nee, net fan de SP nei de PVV, of fan anty KH2018 nei pro KH2018… Fan de blêderer Opera nei Chrome. Se hawwe beide har foar- en neidielen. It grutste foardiel fan Opera is fansels dat alles ek yn it Frysk ynsteld wurde kin, en sa’t jo witte: yn […]

It wicht reizget troch it Fryske Blochlân

Frijwol neat te belibjen yn it Fryske Blochlân. Guon haadrolspilers hawwe har weromlutsen en de doarren tichtsmiten. Moast it fan de baas? Is it klearebare leffens? Oaren hâlde harren blochkes net mear by, of tige ûnregelmjittich. It moat alle dagen heite, as it heal kin! Oan de oare kant liket Twitter mear oanlûkingskrêft te krijen. […]