Tag Archives: Bert Looper

De wraak fan Tresoar

Ik haw der lang oer twifele oft ik dit blochke wol pleatse soe. Dan krije jo wer dat geëamel fan dy Knilles fielt him miskend. No, dat falt wol wat ta, mar ik wurd wol tsjinwurke, benammen troch de lju fan Tresoar. En dan bedoel ik net it tsjinstferlienend personiel, dat binne poerbêste minsken, mar benammen […]

Mail oan Bert Looper

Bêste Looper, noch in koarte reaksje op jo skriuwen fan juster. Ik nim it heech op dat jo de dingen dy’t troch in sjuerylid op FB skreaun binne samar oan de kant skowe. Jo fine it dus gjin probleem dat in sjuerylid fan de GJP oan de iene kant (nomineare) dichters swier komplimintearret en oan […]

Antwurd Bert Looper

No, niiskrekt dan einlings antwurd krigen fan Bert Looper, fan Tresoar. Syn skriuwen komt der op del dat er Facebook net as iepenbier tagonklik beskôget en dat er dêrom net yngripe kin, wat de misledigingen en it oare wangedrach fan it GJP sjuerylid Jantsje Post oanbelanget. In ûnbefredigjend antwurd, dat seit himsels. Ik haw ommers […]

Iepen brief oan Bert Looper, oer in sjuerylid fan de Gysbert Japicxpriis

Oan de hear Bert Looper, direkteur Tresoar   Bêste hear Looper, dit jier fersoarget Tresoar foar de earste kear de organanisaasje fan de wichtichste literêre priis fan Fryslân: de Gysbert Japicxpriis. Foar it earst ek wurdt der mei nominaasjes wurke. Ien fan de sân nominearren is de dichter Abe de Vries. De hear De Vries […]

Ekspedysje

Jawis, de kranten hawwe der oer skreaun, Ekspedysje Laaksum, dêr’t ûnder oaren jo eigen Knilles oan meidie. Frijwat flakke stikjes binne it wurden, Abe de Vries neamt yn it FD bygelyks in pear nammen op, en wêr’t de minsken dy’t by dy nammen hearre foarliezen of muzyk makken.  Dat moat dan in reportaazje foarstelle. Hy […]

Gjin prizen mear foar poëzij?

Yep, Knilles wie ek by de útrikking fan de Gysbert, it gie my fansels benammen om it fergese iten en drinken nei de plechtichheid. De busreis nei Boalsert wie nammers ek fergees, want it OV-chip apparaat wie stikken. Weromreis ek fergees, yn ‘e auto fan… -jo leauwe it net, mar it is wier- de literatuerbefoarderer. […]

Moanne fan de Fryske Bamy

Ja, dat wie hjoed, wol’k leauwe. De presintaasje foar de parse fan de Moanne fan it Fryske Boek 2011. Harkje ris wat de direkteur fan Tresoar hjir oer te melden hat. Nijsgjirrich hear! Lykwols, ek dit jier wurdt Knilles boycott! Nearne foar útnoege, der is gjin skriuwersportret fan him makke, en gean samar troch. Jo […]

Hup mei de bears

Ha goeie mefrou, jo sille wol tinke, dy Knilles hâldt syn webloch ek net mear goed by, en twitterje… ho mar! Dat sil feroarje, dat komt oars. Ik bin lykwols drok as in lyts baaske en ik haw in fin minder as in bears, dat sa. Stie der oars in stikje oer Omrop Knilles yn […]

knipp’n yn ‘e slafink

Ja, ik wie hielendal frijwillich by de presintaasje fan sirkwy.nl, juster yn Liwwadden. Sa likernôch in oerke foardat ik mei de trein fuortgie stie de side al online. Der kamen daliks frijwat negative reaksjes fia de Twitter, benammen oer de kleuren fan Sirkwy. Dêr moat ik it mei iens wêze. De fergrizing slacht net allinnich […]

Videos, Slideshows and Podcasts by Cincopa Wordpress Plugin