Tag Archives: de Moanne

Stammerjende Moanne

No sa, ik haw him noch net út, mar ergerje my al wer behoarlik oan it it nije nûmer fan de Moanne. Haw it tydskrift hjir net foar my, dat it moat út it ûnthâld wei. Wêrom fiif, seis siden fergrieme oan ien dy’t de omjouwing folspuitet mei amateuristyske, ôfgryslik ûnsjogge graffity? It mantsje Grond […]

No sa, dy hat der àl ferstân fan

Klaas van der Hoek yn de Moanne: ‘En hoe hie myn listje derút sjoen as ik kieze kinnen hie út de groslist yn stee fan de shortlist? Op de groslist steane ommers ek noch – ik doch mar in greep – Granytglimkes fan Elmar Kuiper, De trektocht fan Albertina Soepboer en Kristus Pavlov fan Cornelis van der Wal…’  

Fan dit en fan dat

Niiskrekt in lekker moarnsiten hân foar in Euro yn it Hema-restaurant. Goed, dy omelet is al wat spûnzich, mar it sêdet wol. Fierders krije jo der in croissant (krwassant?) by en kofje. Ik sil it faker dwaan, dat stiet fêst. Moai dat Klaas van der Hoek dit webloch efkes neamt yn syn Gysbert-besprekken foar de […]

Mail oan de Moanne

Nee, net deselde Moanne as dy fan juster en wat taalflaters ferbettere: Bêste minsken, it muoit my tige, mar hjirby sis ik myn abonnemint op de Moanne op. Yngeande it oare jier (2014). De reden is dat ik benammen oer Fryske literatuer lêze wol, en sokssoarte artikels steane tsjintwurdich mar komselden yn jim tydskrift. Mei […]

Literatuer yn de Moanne

It Anne-Feddema-útropteken

Oars al spitich hear, dat in hiel soad skreaune aktiviteiten nei Facebook ferhuze binne. Facebook is net iepenbier, en as jo ien syn kop net lije meie, dan kinne jo him/har blokkearje, sadat dy syn/har berjochten net mear te lêzen binne en oarsom ek net. Dus. No sa. Al iepenbier wie de ‘resinsje’ fan Abe […]

Korrizjearjende koeke

Heden, heden. Eeltsje Hettinga giet hielendal los! Eeltsje, bist al op leeftyd, dat tink om de rikketik! It is in lyts wûnder oars, al dy leagens yn dat stikje, hoe krijst it foarinoar. It nivo sakket oars wol Hettinga, jo hiene dochs net in slokje fan it ien as oar op wol? Dat is net […]

ûnlêsbere pankoeken

Fannemiddei, tusken it reguliere skriuwwurk troch, efkes yn de nijste Moanne omlêzen. In bytsje al tefolle polityk, nei myn sin. Piter Jelles èn Domela wurde yn de skynwerpers setten. Net al te nijsgjirrich, dy mantsjes. De poëzij fan Troelstra seit my earlik sein hielendal neat. Mar dat sil ik wol net sizze meie. En wêrom […]

Sulveren Moanne

It Skriuwersboun hat in gearkomste op sneon 3 novimber. Nei alle gedachten kinne wy dan foar de lêste kear it bestjoer sa’t it no gearstald is oan it wurk sjen. Fansels kom ik ek! Ik nim it berjocht mar efkes oer, want op de suterige side is neat te finen… Ik krige oars al in […]

Tragyske moanne

Ja, leave berntsjes, ik haw it pamflet. Ja, kocht. En ek al útlêzen, yn de trein rjochting Grins en werom. No baarnt it my yn, mar ik sil der (tink) op in oar plak oer skriuwe. Dat ik sis neat! Ek binnen, mar dan net kocht, want it is skandelike djoer, mar liend: de Samle […]