Tag Archives: de Moanne

Tourist yn Hylpen

Hjoed efkes mei de trein nei Hylpen ta. Ik skamje my der suver foar, mar neffens my wie dit de earste kear dat ik der west haw. In prachtich stedsje! In iepenloftmuseum, sa liket it wol. Noch rêstich, net al te folle touristen. Op in terras de nije Moanne trochblêde. Meikoarten wer in besprek! Yn […]

Besprek de Moanne, nû 3, jiergong 9 (ferfolch)

Hoi leave berntsjes! Meie jim noch efkes opbliuwe? Dan moatte jim heity of memmy mar efkes freegje oft jim de Moanne noch efkes lêze meie. Sis mar dat Omke Knilles it sein hat. Omke Knilles wie in bytsje lilk en mislik wurden om’t Elske, de boaze styfhekse, hiele stoute dingen skreaun hie oer Omke Durk. […]

Go-Gol út ‘e loft.

It literêr tydskrift Go-Gol is út ‘e loft helle. No kin it fansels sa wêze dat de webmaster(esse) mei reparaasjes of updates dwaande is, mar opmerklik is yn elts gefal dat ek de link dy’t by dizze blog heard net mear wurket. Ris sjen oft Google noch wat yn ‘e cache sitten hat… Nee, en […]

seane moanne

Moarn wer in ûnmeilydsum besprek fan it nijste nûmer fan De Moanne. Soe de redaksje fannacht wol lekker koese kinne? Haw de ynrjochting fan it hûs wer ris wat feroare. Is better sa. Sil rjappels mit Schnitzel en reade koal ite. Sels sean. Gleske wite wyn der by. Filmke. Richard Strauss, Abendrot, út de vier […]

Besprek de Moanne, jiergong 9 nû. 2. Mei rapportsifers!

Nee, op it net stiet noch altyd de net al te oanloklike foarside fan nû.1, mar nû. 2 is al in skoftke út. Hjirûnder folget myn ûnmeilydsume, mar dochs nei objektiviteit stribjende besprek. Mei rapportsifers. De foarkant: Jochem Hamstra is in bêste keardel, mar dy trui kriget in 6.4. Estafettekollum is neat oan, in 4.3. […]