Tag Archives: Durk van der Ploeg

Kalkmann

Heden, efkes weromkomme op myn blochke oer Durk syn €5.000 foar oersettingen… Ik lies krekt dat der meikoarten in Dútske oersetting fan Van der Ploeg syn ‘Reis nei de Kalkman.’ Meindert Reitsma op Facebook: ‘Van der Ploeg liet dit los fannejûn by Swalk.’ Ik haw bamy iten. Sit noch allinnich yn de karavaan yn Gaasterlaan.

Wêr is Durk syn € 5.000 bleaun?

No, jim hawwe it al sjoen fansels, myn profesije wat de Gysbert 2015 oanbelanget is útkommen: de hear Koos T. hat him krigen. Moai foar de man. Wat, nammers, is der op ‘e hispel kommen fan de €5000,- foar oersettingen fan it oeuvre fan Durk van der Ploeg, de foarige winner fan de proaza-Gysbert? Fjouwer […]

Gjin prizen mear foar poëzij?

Yep, Knilles wie ek by de útrikking fan de Gysbert, it gie my fansels benammen om it fergese iten en drinken nei de plechtichheid. De busreis nei Boalsert wie nammers ek fergees, want it OV-chip apparaat wie stikken. Weromreis ek fergees, yn ‘e auto fan… -jo leauwe it net, mar it is wier- de literatuerbefoarderer. […]

Durk – The Movie

Hjoed de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis oan Durk van der Ploeg. Hjirûnder nochris myn spesjaal foar dizze gelegenheid makke ensafhilmke. [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=xrUGzoHoUvw[/youtube]

Lokwinske

Durk! Hy lêst it lykwols net, hat gjin ynternet

Ramsey Bamy

Elkenien wit dat ik de Sineeske Kultuur heech haw. Bamy is it lekkelste iten dat der is. Mar… hie ik dan ek graach by de Boekebeurs yn Sjina west? No nee… Minskerjochten, witte jo wol… As ik bygelyks dit berjocht lês en dit berjocht… Wat in lefbekken, dy Ramsey Nassy en konsorten! Mar, wat oars, […]

Petear Van der Ploeg online

Net faak hat in petear mei in Frysk skriuwer safolle reboelje opsmiten. Tink ik, want ik haw ek net alles lêzen. It like my dan wol in goed idee en set it efkes online, mar hoopje dat de LC net lilk wurdt. Mar dat wiene se dochs al. It is net hielendal perfekt skend, mar […]

Hup Durk!

Hjoed yn de Leeuwarder Courant: in petear mei de hast 80 jierrige Durk van der Ploeg. Alfêst lokwinske! It sitaat: “En dan dy literatuerbefoarderer. Dêr ha’k noait folle yn sjoen, dat jild kinne se better oan ‘e skriuwers jaan” kin ik my wol yn fine… Pizza

Griene Leafdesbrieven

Noch lang net klear mei it op ‘en nij ynrjochtsjen fan de laptops. Moatte noch hiel wat GB’s oan samples en vst-plugins ynstallearre wurde. Mar net alles tagelyk, it hoecht net sa hastich, en de boaze bûtenwrâld sit der net op te wachtsjen. Moai oars dat der wer in tige aktive Fryske blogger bykommen is. […]

Besprek de Moanne, nû 3, jiergong 9 (ferfolch)

Hoi leave berntsjes! Meie jim noch efkes opbliuwe? Dan moatte jim heity of memmy mar efkes freegje oft jim de Moanne noch efkes lêze meie. Sis mar dat Omke Knilles it sein hat. Omke Knilles wie in bytsje lilk en mislik wurden om’t Elske, de boaze styfhekse, hiele stoute dingen skreaun hie oer Omke Durk. […]