Tag Archives: Eeltsje Hettinga

De fine fleur fan de Fryske Literateur

Ik hie noch wat foto’s oer fan myn reportaazje fan ôfrûne snein. It soe skande wêze om dy net efkes sjen te litten. Ik jou mar gjin kommentaar by de plaatsjes. Better fan net. Klik op de foto’s foar in grutter byld. Wy hawwe nasy iten.          

Is it in besprek?

Is it in besprek? Is it in gedicht? Heden, heden, wat hat Knilles no wer skreaun? Oer Ikader, fan Eeltsje Hettinga. It moat net mâlder wurde. Lês it sels, op ensafh. Haw bamy rames ophelle en iten.

Fan dit en fan dat

Niiskrekt in lekker moarnsiten hân foar in Euro yn it Hema-restaurant. Goed, dy omelet is al wat spûnzich, mar it sêdet wol. Fierders krije jo der in croissant (krwassant?) by en kofje. Ik sil it faker dwaan, dat stiet fêst. Moai dat Klaas van der Hoek dit webloch efkes neamt yn syn Gysbert-besprekken foar de […]

Ele en Elly wurde al in bytsje senuweftich!

Ele & Elly dogge oan kabaret

Efkes op klikke foar minsken sûnder bril

Ele en Elly: it dilemma fan de rebel

Efkes op klikke foar in grutter byld

It yntellektueel nivo fan de Fryske skriuwer

Understeande tekst skreau ik justermoarn, mar ik kaam der net mear oan ta him ree te meitsjen foar publikaasje. En hy kloppet  ek net mear, dat wol sizze: E. Hettinga hat der no in plaatsje fan it Dútske orizjineel fan Bernhard bysetten, mar der stie dochs earst in foto fan de Hollânske oersetting by. Dêr […]

Dwers protest

Heden, moai dat Pieter de Groot my yn syn  Dwers fan hjoed efkes neamt as ien fan de earsten dy’t yn ferset kommen is tsjin de ‘nije stavering’. Dat die ik op dit plak. Daam de Vries seach it swurk ek al rillegau driuwen. Oaren wiene hjir wat stadiger mei, mar hawwe no al in […]

Oersette Hollânsk ==> Frysk: tiidfergriemerij

Nee, ik doel net op offisjele, ambtlike teksten. Dy hearre yn it Frysk beskikber te wêzen. Ik haw it oer literêre teksten. Lykas dit gedicht fan Martin Reints, oerset troch Eeltsje Hettinga. Literêre oersettingen hawwe neffens my as doel de oarspronklike tekst begrypliker te meitsjen foar de lêzer dy’t it orizjineel net hielendal folgje kin. […]

Korrizjearjende koeke

Heden, heden. Eeltsje Hettinga giet hielendal los! Eeltsje, bist al op leeftyd, dat tink om de rikketik! It is in lyts wûnder oars, al dy leagens yn dat stikje, hoe krijst it foarinoar. It nivo sakket oars wol Hettinga, jo hiene dochs net in slokje fan it ien as oar op wol? Dat is net […]