Tag Archives: Elmar Kuiper

dEROELS: Net mear sa as ik tocht

De simmerhit fan dEROELS, opnaam yn de Noorderzon studio troch Sytze Broersma. Kamera en montaazje: Elmar Kuiper, juny/july 2012 Mei tank oan: Figuranten foar de film ‘De Greidegeast’ [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=Sf3z4V7B4FQ&feature=player_embedded[/youtube]

Iepen brief oan Tresoar

Bêste minsken fan Tresoar, ik haw wer wat te seuren. It is wier dat ik yn it jier 2004 De Gouden Lykdoarn foar de Meast Paranoïde Skriuwer ûntfange mocht, in priis dêr’t ik noch altyd tige grutsk op bin, benammen fansels omdat er ûndertekene is troch Arjan Hut, mei wa’t ik oare wike nammers de […]

Gij zult niet Zweven!

Hee, apart. Krekt neidat ik myn lêste reaksje op Elmar Kuiper syn opmerkings by myn foarige bloch delskreaun hie, lies ik dit op it net: ‘The story is well-known in poetry circles: around 1968, disgusted by his difficulties with publishers and by what he perceived as the careerist strategies of many poets, Duncan vowed not […]

Absurd Awater

Ôfrûne freed wie ik wer ris yn it moaie stedsje Grins. Altyd noflik om werom te kommen. Mar ik haw Snits leaver, dus. Heden, heden, jo kinne dêr ek gjin stap fersette of jo komme de selsbeneamde Literatuerpaus fan Grins tsjin. Dat is dus, mient er sels, de hear Coen Peppelenbos. Prutsskriuwer en liichbist. Sjoch […]

Net mei fakânsje!

In dichter giet noait mei fakânsje. Dus. De Moanne hat in pear dagen lyn in net ûnaardich nûmer útjûn, en dan bedoel ik net it Swette-nûmer. Neat op de Swette tsjin oars, ik rin der in pear kear yn ‘e wike by del, net hielendal, mar dochs. Nee, der wie ek in nûmer dat wol […]

Bondelpresintaasje Kuiper en Van der Wal

Granytglimkes en Kristus Pavlov Hagelnije bondels fan Elmar Kuiper en Cornelis van der Wal Goeie, Hjirby noegje Elmar Kuiper en Cornelis van der Wal dy fan herte út om harren bondelpresintaasje by te wenjen! Elmar en Cornelis litte fia in beamerprojeksje eigenmakke fideofilms sjen en lêze ek foar út harren nije wurk. Sytze Pruiksma en Tsjinlûd […]

Geheimsinnich Paspoart

No, leave berntsjes, ik haw my opjûn foar it Boekefeest yn Tresoar en ek in goedkeap sliepplak regele, want oars moast ik om 23:00 oere al wer fuort, en dan begjint de drank by de measten earst te wurkjen en komme de Geheimen en de Rabberij. Ja, ik wie kritysk yn’t foar, mar earst sels […]

Gjin Buddingh foar Elmar

Spitich! Mar Elmar Kuiper hat de Buddingh’-priis net wûn, it is Delphine Lecompte wurden. Lokwinsken! Der stiet in hiel nijsgjirrich stikje op Henk van der Veer syn side, mei ûnder oaren in reaksje fan Kuiper op it besprek dat er krige yn it Friesch Dagblad. [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=HYZDSb68LmI[/youtube]

Horror Makriel

No, dat is moai: Elmar Kuiper is nominearre foar de Cees Buddingh Priis. Jo witte wol, fan it potsje Marmite. Wurdt dat guod noch wolris iten? Ik mei it net alteast. Kuiper wie alris earder nominearre, foar de Fedde Schurer Priis, mar dat slagge doe net. Nee, eangje mar net, Fryske kollega Skriuwers, Knilles hat […]