Cornelis van der Wal

Tag: Elske Kampen

  • Theologyske magneten

    Dat wie in moaie middei/jûn earjuster! Yn it ramt fan de presintaasje fan twa nije Afûkboeken, de Triennen fan Cheetah en Frou mei mandoline op sofa fan resp. Anne Feddema en Josse de Haan wiene wy te gast by in Moannejûn. Yn it hol fan de liuw fansels, as ensafh-man yn ieren en sinen. Mar…

  • 24-09-14 De Moanne Live

  • Literêre fytstocht: Elske Kampen

    Ik haw de lêste wiken by moai waar de loop nei de Griene Stjer, dêr leit de dichter him del op it gers of sân en dûkt sa no en dan yn it hearlik koele wetter en fierders lêst er boeken en harket nei muzyk. No ja, de loop: fansels fyts ik dat eintsje. Om…

  • De Stien fan fan Jacobus & Man en Mem fan Elske

    No sa. Fannemoarn twa literêr-kulturele evenmeninten meimakke. Earst de ûntbleating fan de Stien fan Jacobus. ‘Tongermolke yn blik’ hjit it fers, en, yndied, it tongere ek werklik in bytsje, yn ‘e fierte. In stikmannich foto’s makke. Jo fine de stien op ‘e hoeke fan ‘e Wirdumerdyk. Dêrnei hiene wy de presintaasje fan Elkse Kampen hat…

  • Sjuery Gysbert: net-literêre arguminten

    Alderearst in rektifikaasje: der wie wol drank by de Griene Weide, myn korrespondint hie it by it ferkearde ein, dat ik haw him per direkt dien jûn. It wie in moai barren yn Boalsert juster, ik haw noch bamy iten nei ôfrin, tegearre mei in grutte groep feestgongers. Mar steane jo my ta dat ik…

  • Fan dit en fan dat

    Niiskrekt in lekker moarnsiten hân foar in Euro yn it Hema-restaurant. Goed, dy omelet is al wat spûnzich, mar it sêdet wol. Fierders krije jo der in croissant (krwassant?) by en kofje. Ik sil it faker dwaan, dat stiet fêst. Moai dat Klaas van der Hoek dit webloch efkes neamt yn syn Gysbert-besprekken foar de…

  • De oerwinning fan de brutsen kowekop yn de ripe mist + updeet

    Ha! Dêr wiene se al, de nominaasjes foar de Fedde Schurer Publykspriis.. Dus net op 7 april, mar op de 6e al. No no, it is my in listke wurden! Stimme kin dus hjir. De oerwinnings fan Tido Houtsma Thys Wadman Fan glês it brekken Elske Kampen Fol túch de mist yn Hidde Boersma Gerben Rypma Eeltsje Hettinga Indentiteit…

  • Boekenois

    It programma fan it Boekefeest 2011 waard earjuster bekendmakke. No, it falt my net iens ôf, Grytsje Schaaf en Elske Kampen binne treflike dichters en de rest jouwe wy it foardiel fan de twifel. Utsein dinges fansels. Ik sil der al hinne, want kritysk wêze sûnder it sels mei te meitsjen… Nee. Aha, ik sjoch no…

  • Literêre prizen 2011, in Profesije

    De Gysbert Japicxpriis giet nei Koos Tiemersma! De Fedde Schurerpriis giet nei Elske Kampen! De Obe Postmapriis giet nei Geart fan der Mear!

  • Besprek Elske Kampen, Fan glês it brekken

    Earder ferskynd yn it Friesch Dagblad, 29-01-2011