Cornelis van der Wal

Tag: Eppie Dam

  • De advyskommisje foar de GJ-priis 2021 + updeet

    In hiel lang stik oer de advyskommisje foar de Gysbert 2021 yn de provinsjale deiblêden hjoed. En dat wylst de gearstalling fan dizze kommisje noch hielendal net bekendmakke is. Op Fers2 wurdt steld dat de gearstalling  op de side fan ‘e Provinsje stien hat. Mar wêrom dan net efkes in screenshot makke? Ek hiel apart…

  • It ûnthâld fan de Moanne

    Ja minsken, it jier 2019 is al wer hast foarby. Wat mysels oanbelanget wie it hichtepunt de tour mei de Reade Runen nei Denemarken ta. En fansels de oansteande oersetting fan seis (6) fersen út Wolf yn harnas yn it promininte Deenske tydskrift Hvedekorn. Dat lêste sil yn 2020 plakfine.  Grutte *kuch* Fryske poëzijkenners lykas…

  • Besprekken Eppie Dam bywurke

    Eppie Dam is stoppe mei it besprekken fan poëzij yn de Ljouwerter Krante. It is my noch net bekend wa’t him opfolgje sil. Ik haw de ôfrûne jierren in argyf oanlein fan Dam syn besprekken fan Frysktalige poëzij yn de LC. Ik die dat ek al mei de eardere poëzijbesprekkers yn dizze krante, sjoch oan…

  • Argyf besprekken Eppie Dam bywurke

    It argyf fan Eppie Dam syn poëzijbesprekken yn de Ljouwerter Krante is bywurke mei 5 nije besprekken: Syds Wiersma: Raffelwjok Bartle Laverman: In echte Fries Cornelis van der Wal: Wolf yn harnas Arjan Hut: Aurora Bossanova Edwin de Groot: Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see Klik hjir foar it oersjoch fan Dam…

  • Ynstjoerd brief nei L.C. (net pleatst…)

    The Passion? It is net gebrûklik dat in skriuwer mei in ynstjoerd stikje reagearret wannear’t syn boek yn de krante besprutsen wurdt. Ik meitsje in útsûndering foar it besprek dat Eppie Dam oan myn dichtbondel Wolf yn harnas wijd hat (Freed 16-12). Dam kin it grutste part fan myn bondel net neikomme, dat mei noch…

  • Trije stjerren fan Eppie foar ‘Wolf yn harnas’

    Heden, mar leafst trije stjerren *kuch* fan Eppie Dam kriget Wolf yn harnas yn de Ljouwerter. En no aanst ek noch Abe (in grutte freon fan Eppie) yn it Deiblêd! Ik wol der net al te djip op yngean, mar de lêzer sil sels wol sjen dat Dam wat in min sin hie. Wat moatte…

  • Besprekken Eppie Dam bywurke

    Mei Geart Tigchelaar: Leech hert yn nij jek en Jaap Veenstra: Gatten yn it tek / Gaten in het dak. Klik hjir foar it oersjoch. N.B. dizze besprekken binne oernaam fan it argyf fan de LC. Net aktueel dus. Sjoch oan de linkerkant fan dizze side foar oare argivearre poëzijbesprekken.

  • Besprekken Eppie Dam bywurke

    Mei de nijste bondels fan Wilco Berga en Elmar Kuiper. Klik hjir foar it oersjoch.

  • Poëzijbesprekken LC Eppie Dam bywurke

    Mei bondels fan Abe de Vries, Jacobus Q. Smink en Sytse Jansma. Hjir klikke foar it oersjoch.

  • Eigenaardige gearkomste

    Fannacht frij eigenaardich dreamd: der wie in soarte fan gearkomste by ús thús, mei yn elts gefal Abe de Vries en Eppie Dam. Neffens my wie Geart Tigchelaar der ek by, mar dy feroare letter yn in oar, ûnbekend persoan. Abe woe gjin alkohol as cola hawwe, mar ik hie neat oars. En Eppie sei…