Tag Archives: Eppie Dam

Poëzijbesprekken Eppie Dam bywurke

Piter Boersma: Liet fan it fjild Aggie van der Meer: Tei-iizje / Lok-azen Klik hjir foar de folsleine list

Besprekken Eppie Dam bywurke

Eppie Dam yn de LC mei de nijste bondels fan Tsead Bruinja, Foppe Venema en Anne Feddema. Foar jo argivearre troch Knilles. Dus. Klik hjir.

It Skaad van Abe

Ik haw der efkes oer neitocht, want ik koe de tekst net hielendal neikomme. Josse de Haan snapte der ek neat fan. It giet om dit stikje út de Ljouwerter, Eppie Dam oer de neffens him bêste Fryske poëzijbondels fan 2013. Ravensulver stiet dus boppe-oan. Dat is moai foar Abe. Ik haw it boekje net […]

Myn foarsizzing foar de Gysbert

It wurdt Eppie Dam. Dus. De iennige fan de 7 kandidaten dêr’t ik de bondel (noch) net fan lêzen haw. Dat sa.

Besprekken Dam bywurke

Mei Simon Oosting: ‘Hûnewacht’. Klik hjir foar it oersjoch

Besprekken Eppie Dam bywurke

Mei Abe de Vries: Ravensulver / Ravenzilver. Klik hjir foar it oersjoch.

Eppie en de fûgels

Ja minsken, dêr hast it wer. In dichter te lipen en te piipjen om’t er net yn in blomlêzing stiet. Ik bin lykwols net lilk, mar al wat fertrietlik. Wat no wer dan? It giet oer de samling fûgelpoëzij ‘Oer de Wjuk’. Dêr stean ik dus net yn, hoewol’t der genôch fan dy bisten omfladderje yn […]

The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics

Ik lies niiskrekt de DWERS fan Pieter de Groot oer û.o. The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics: Fourth Edition. Der soe ek in stikje oer Fryske poëzij ynstean, skreaun troch Jelle Krol, en ja, dan wol ik daliks witte oft ik sels ek neamd wurd. Dat wolle wy allegearre, jou no mar ta. In […]

Besprekken Dam bywurke

Mei Geart fan der Mear syn oersetting fan De fal fan Camelot. Klik hjir.

Dichtersjûn

Ik soe krekt in lyts ferslachje skriuwe fan de dichtersjûn op de Janzenpleats, mar ik seach op de site fan Sjoerd Janzen al in stikje stean, dêr ferwiis ik hjirby nei. It wie oars in moaie jûn, sûnder wanklanken en gjin slaanderij. Wat my al opfoel dat wiene de lange ynliedingen dy’t de measte dichters […]