En nee, it is diskear net Ernst Bruinsma, mar Friduwih Riemersma fan útjouwerij Grotesk (what’s in a name). Riemersma is tige te sprekken oer de by Fers2 yn 2015 úteinsette ferhalesyklus Ho Wu en Misty Mac fan Aggie van der Meer. Letter binne dizze ferhalen yn boekfoarm útjûn by Grotesk. Dat lêste neamt frou Riemersma […]
Jim witte it faaks: Ernst Bruinsma hat in rubryk, Op en út by Omrop Fryslân, dêr’t er boeken besprekt. Ik haw der sels noch nea nei harke, it is moarnsbetiid, wol’k leauwe. Foar de aardichheid haw ik ris oan it turven west, en de besprekken teld en oardere op Fryske útjouwerijen. De Hollânske haw ik […]
Hjoed wie ik efkes op it Uit-festival yn Ljouwert. Hiel aardich en gesellich hear! Ik trof ûnder oaren de tige fleurige Eric Hoekstra. Ferjitten om in foto te meitsjen. Wêr mocht dat grut oankundige Marboei dichtersfestival ek mar wêze? Ik socht my in ûngelok. Op it lêst seach ik in stik as tsien minsken yn […]
De Ljouwerter krante fan juster 29-08-18 Asing Walthaus skriuwt: Komende maand verschijnt een Engels overzicht van Friese teksten. ,,Het is ongeveer even dik als ons boek over het Normandisch’’, zegt de uitgever. Bijna vierhonderd pagina’s telt Swallows and floating horses, een overzicht van in het Fries geschreven teksten vanaf de twaalfde eeuw tot en met […]
Hmm… slim tradisjoneel omslach, fine jo ek net? Frijwat ûnsjoch en amateuristysk. Meikoarten yn ‘e winkel! Dus, dit moat de belangstelling foar de Fryske Literatuer yn ‘e Ingelsktalige wrâld fuortsterkje. Jo eigen Knilles heart neffens gearstaller Ernst Bruinsma net by de Fryske Literatuer. Mar dat is ek net sa ferrassend foar ien dy’t as einredakteur […]
Lieven Bertels – hy skynt hjir in pear huzen fierderop te wenjen, mar ik haw him noch nea troffen – is artistyk lieder fan KH2018. Der stiet in petear mei de bêste man op de side fan de Moanne. De Moanne, mei Ernst Bruinsma as grutte roergonger, dy’t fynt dat ik gjin dichter bin, alteast […]
Hjoed wie ik foar in koart ûndersyk wer ris yn Tresoar, dêr’t as it goed is ek noch it FLMD sitte moat, mar ik kin it net fine… Lykas earder sein fyn ik de nije wurkplakken boppe tige slagge, der hearsket in rêstige sfear, folle better as yn it Stadsstudiecentrum yn de iepenbiere Byb. Dêr […]
Ja, gau foardat der wer in nij nûmer is. En tink derom, frou Digi Beetstra: op de linken klikke hin, dit is ynternet witte jo wol. Jaap Louwes stiet mei syn troanje op de foarside. Net echt trochlibbe, dy kop. Hy moat wat mear drinke, of oan de oare drugs gean. Dat soe syn sloppe […]
¶
Posted 13 oktober 2010
† Knilles
§
Bloch
‡
°
Also tagged: Alex Riemersma, André Bralts, Ate Grypstra, Baukje Wytsma, Elske Kampen, Frederick Manfred, Frédérique van der Palm, Geart van der Mear, Grytsje Schaaf, Hans Dilling, Huub Mous, Jaap Louwes, Jannes van der Wal, Johannes Beers, Joop Atsma, Karen Bies, Margryt Poortstra, Sjoerd Bottema, stampot, Thys wadman, Tryntsje Nauta, Ulbe van Houten
Ja, wy moatte fierder. Der stiet in hiel kreas frommeske op de nije Moanne, soe se al ferkearing hawwe? It is Ola Mafaalani. Wa? Ola Mafaalani. No, dy mei fan my wol in 8.3 krije. Wat sifer soe Knilles fan Ola krije? Wa spilet ris foar relaasjekonsulint? Ik hie it der al earder oer, mar […]