Tag Archives: Fedde Schurer

The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics

Ik lies niiskrekt de DWERS fan Pieter de Groot oer û.o. The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics: Fourth Edition. Der soe ek in stikje oer Fryske poëzij ynstean, skreaun troch Jelle Krol, en ja, dan wol ik daliks witte oft ik sels ek neamd wurd. Dat wolle wy allegearre, jou no mar ta. In […]

Foto’s literêre kuiertocht Ljouwert

No ja, ik stean der yn, yn it boekje oer de literêre Ljouwerter Kuiertocht. Mei in sitaat út Kening Kees. Fyn it wol bêst sa. Sjoch ris wat in aardige foto’s ik makke haw! Klik op ‘e foto’s foar in moai grut byld. In bûtenierdsk hynsder seach ik út it rútsje fen de trein   […]

Literêre fytstocht 10-07-2011

Drok mei allerhanne web-ynstallaasjes, dy ek noch goed foar de Fryske literatuer binne. Ja, it is wier. Mar hjoed dan ek wer ris in literêre fytstocht makke, troch ûnder oaren de Lemmer, it doarp fan Fedde Schurer. Hy wie net thús. En dêrnei troch Sondel, it doarp fan J.Q. Smink. Mar dy haw ik ek […]

Grimmig Fedde

No minsken, ik haw se binnen! De twa grouwe Fryske skriuwersbio’s dy’t de ôfrûne moannen ferskynd binne. In Geheimsinnich Persoan, dy’t ek noch anonym bliuwe wol, hat se fannemiddei by my delbrocht. Ik sil der daliks yn begjinne, mar hokker boek earst? Dochs mar Wadman, want dêr wie ik al yn oan it lêzen, de […]

Ferneamde Friezen yn it Hollânsk beskreaun

Ik haw der noch net ien oer heard, no, dan ik mar! Dy dissertaasjes fan resp. Joke Corporaal oer Anne Wadman en Johanneke Liemburg oer Fedde Schurer hawwe twa Frysktalige skriuwers as ûnderwerp. Ja, ik wit it, Wadman hat ek yn it Hollânsk skreaun, mar dat stelt net it measte foar, wat kwalitieit oanbelanget. De […]

Bargefleis op ‘e fyts

Krij hjoed besite, dat efkes iten siede yn it foar. Ja, it wurdt wer bamy, mei dêrby eat mei bargefleis. Ik sjoch wol. Der steane resepten by’t soad op ynternet. Ik skreau lêst dat Omrop Fryslân frijwol neat oan de ‘hegere’ kultuer mear docht. Of soks yn dy oarder. Dochs hawwe se de ôfrûne wike, […]

Videos, Slideshows and Podcasts by Cincopa Wordpress Plugin