Cornelis van der Wal

Tag: Ferdinand de Jong

  • Ferdinand de Jong pleitet foar midsmjittigens

    De Jong skriuwt: ‘der hat noch nea in frou de Gysbert wûn foar in boek.’ Rixt hat yn 1953 de Gysbert krigen foar har dichtbondel ‘De gouden rider’. Dat wie in boek, en Rixt wie in frou. Dit wie myn reaksje op de side fan de Omrop, dêr’t in kollum fan Ferdinand de Jong mei de…

  • In grut yntellektueel

    It is wer ris safier, in digibeet skriuwt in stikje dêr’t út bliken docht, dat er mient dat Facebook itselde is as it ynternet. Diskear is it de hear Ferdinand de Jong, dy’t in folslein ûnbegryplik blochke skriuwt nei oanlieding fan in Facebookberjocht fan Elske Schotanus. Jim witte fansels dat frou Schotanus net  by my…

  • Flauwe nasy

    In nij weblog, altyd moai, no. Nee dus. ‘De AyO-tún: inkijkjes in het leven van Akademy-promovendi.’ Dochs tige spitich dat dizze promovendi gjin Frysk skriuwe kinne of wolle. Dat sille de ‘gelearden’ grif in taaltsje fine om op del te sjen, se hawwe de selde mentaliteit as de redakteur fan de Ljouwerter Krante Philipus van…

  • ûnlêsbere pankoeken

    Fannemiddei, tusken it reguliere skriuwwurk troch, efkes yn de nijste Moanne omlêzen. In bytsje al tefolle polityk, nei myn sin. Piter Jelles èn Domela wurde yn de skynwerpers setten. Net al te nijsgjirrich, dy mantsjes. De poëzij fan Troelstra seit my earlik sein hielendal neat. Mar dat sil ik wol net sizze meie. En wêrom…