Cornelis van der Wal

Tag: fers2

  • Jubileum fers2!

    It is hjoed 23 Desimber 2022. In jier lyn ferskynden de lêste publikaasjes op Fers2. Sûnt dy tiid swije Friduwih Riemersma en Abe de Vries. Op dat plak alteast. Abe ropt en raast as Putin-mantsje noch wolris op Facebook. En fan Friduwih hearre wy hielendal neat mear… It is in treurich jubileum! 🙂

  • Grut Nijs: Fers2 sit noch yn ‘e Krysttiid!

    http://www.fers2.eu/

  • De advyskommisje foar de GJ-priis 2021 + updeet

    In hiel lang stik oer de advyskommisje foar de Gysbert 2021 yn de provinsjale deiblêden hjoed. En dat wylst de gearstalling fan dizze kommisje noch hielendal net bekendmakke is. Op Fers2 wurdt steld dat de gearstalling  op de side fan ‘e Provinsje stien hat. Mar wêrom dan net efkes in screenshot makke? Ek hiel apart…

  • De ein fan Fers2?

    Ornaris wurdt it *kuch* literêre tydskrift Fers2 om ‘e 14 dagen ferfarske, mar it lêste berjocht is fan 15-12-2019. Op ‘e side stiet: ‘Fers2 komt om ’e fjirtjin dagen op it ynternet út as Fers2.eu. Fers2 hat gjin paywall: alle stikken binne frij tagonklik.’ Soe dit de ein wêze fan in tydskrift dat neist in…

  • Waarme Tibetaan

    Ha goeie, hjir wie ik wer. No wie ik eins fan doel en swij tenei oer it literêre onlinetydskrift fers2, it moat net ferfeelsum wurde, no. De reden dat ik wer omtinken oan fers2 jou is it artikel fan Friduwih Riemersma mei de titel It glossarium fan De Groot, op 23-04-2017 pleatst. Op harren side is…

  • Brekkend: Fúzje Skanomodu en Fers2

    It folgjende nijs krige ik justernacht fan in ynformant dy’t anonym bliuwe wol: ‘Nei petearen tusken de redaksjes fan digitaal literêr tydskift Fers2 (Abe de Vries en Friduwih Riemersma) en it ‘ynternettydskrift troch en foar jonge Friezen’ Skanomodu (Meindert Reitsma, Nienke Jet de Vries en Jan Ybema) is besletten de lapen gear te smiten. De nije…

  • Fers2: in fakânsje fan trije moanne…

    En dan neame jo josels in serieus literêr tydskrift… Non-valeurs binne it by fers2, flinterknippers… De loaie stjonkerts gunne harsels in fakânsje fan trije moanne… It is fansels in ferlechje, dy lange fakânsje, der komt nei alle gedachten frijwol gjin kopij mear binnen by dit op stjerren nei deade ‘digitale tydkrift’… Lûk de stekker der…

  • Fakatuere’s by fers2.eu!

    Tsjong, it bliuwt behelpen hear, mei dat nije Frysk-literêre tydskrift fers2.eu. Sjoch ris nei de folgjende twa foarbylden: ‘xsjoen’. Just, jawol. My tinkt: der is ferlet fan in fakatuere foar in korrektor by Fers2.eu De opmaak is ek in bytsje eigenaardich: Noch in fakatuere alsa, foar ien dy’t de teksten in bytsje kristlik op it…

  • Unlêsbere patat

    No juh, dêr wie ik al wer. Efkes oer Fers2. In koarte analyse: it binne hieltyd deselde trije, fjouwer skriuwers dy’t bydragen leverje en de styl fan Friduwih Riemersma is ûnlêsber. Dat sa. Wy sille no aanst nei de presintaasje fan Sjieuwe Borger syn nije roman. Faaks moarn wat foto’s. Doei! Jûn ite wy patat.

  • Fers2: net geskikt foar mobyltsjes…

    Sjoch hjirre ris Friduwih!: https://www.google.com/webmasters/tools/mobile-friendly/?url=fers2.eu