Tag Archives: fers2

Frysk Deiblêd: skamteleaze selspromoasje Abe de Vries

Fannemiddei lies ik in hiel apart krantestik fan in sekere Abe de Vries. It stiet yn it Friesch Dagblad fan sneon de 21e maart 2015. It is in foarpublikaasje fan De Vries syn foardracht fan ankom sneon, op it Sympoasium yn de Koperen Tún. Neist al lang bekende feiten oer Douwe Kalma hat De Vries […]

Jongfryske bamy

Jawis, jo eigen Knilles leveret ek in bydrage oan de betinking fan it feit dat it 100 jier lyn is dat de Jongfryske Mienskip oprjochte waard. Sterker noch: ik bin sels al in moai skoft lid fan dizze beweging. It ledeblêd Lyts Frisia hjit sûnt koart Nij Frisia. It sjocht der wat better út as earder. […]

Profetyske wrap

Ja juh, ik wie wat in flau grapke fan my, dat Fers2 stopje soe. Mar ik moat myn eigen profetyske jeften net ûnderskatte, want der is noch altyd gjin nije ôflevering online setten. Wat stiet der yn de ‘statuten’ fan fers 2? Fers2 ferskynt ien kear yn de twa wike op it ynternet as www.fers2.eu. […]

Fers2 stoppet! + Updeet

Ut betroubere boarne haw ik it berjocht binnenkrige dat Fers2 der mei ophâldt. No, it is ek net sa’n grut ferlies foar de Fryske Literatuer. Marzjinaal gepiel, sûnder eigen gesicht. En dy layout! Ferskriklik. Tabé! UPDEET: Grapke!

Noch gjin nij nûmer fan Fers2! Update: Jaaaaa!

Is it no al oer mei Fers2? Alwer in mislearre projekt fan Abe de Vries? Wat in ferearming fan it Frysk-literêre oanbod soe dat wêze!  

Fers2 komt mei nije layout!

It is net te leauwen, sa prachtich! Klik hjir!  

Aaltsje Plantinga skreau har earste Fryske boereroman: ‘Harinxsmastate’

JA! In nije fers2!

No, dêr wiene se al,  Friduwih en Abe mei nije artikels op fers2.eu. It wie my al earder opfallen, se dogge daliks wat ik harren opdraach. En yndied, sa’t ik al foarsein hie: ‘de redakteuren’ skriuwe sels it ‘tydskrift’ foar it meastepart fol! Abe en Friduwih! Sil it harren better ferrinne as Tristan en Isolde, […]

Wêr bliuwt Fers2 fan Fers2?

Ik kin hast net wachtsje! De earste ôflevering is datearre op 01-01-2015. En it is no 15-01-2015. It tydskrift soe alle 14 dagen útkomme, dat se binne in dei te let! Faaks hat Abe in moaie cartoon tekene! En hat Friduwih in djipdollend essay oer it feminisme by E.B. Folkertsma skreaun! Avensearje jimme! Wy ite […]

Boek fan de Bamy

It is my wat mei dy Fryske ‘literêre’ siden. Fers2 is fansels net om oan te sjen en ynhâldlik sil it folskreaun wurde troch de twa redaksjeleden, sa foarsis ik. Faaks brûkt Abe aanst ien as mear pseudonimen, om ferskaat te suggerearjen. It hat ek in hiel skoft duorre foardat de link nei harren Facebookside […]