Tag Archives: Fisk

Knilles by Trotwaer online

No, is ‘t net in merakel? Alle edysjes fan Trotwaer, doe’t it noch net anneksearre wie troch de Moanne, steane online. Der steane ek artikels fan en oer my yn, klik hjir as jo dat nijsgjirrich taliket.   Jûn fisk mei bakte rjappels en slaad

Brykprater Elske Schotanus

Hy wit se wol út te kiezen, Asing Walthaus fan de Ljouwerter Krante. Diskear praat er mei Elske Schotanus. In hiel fermaaklik petear, sjoen it feit dat Schotanus hielendal gjin Frysk prate kìn! Hawwe jo har wolris heard? In hiel bryk taaltsje rôlet út har bekje. It sil wol Hearrenfeansk wêze of sa, gjin Frysk […]

Fisk en it swurd

Jo binne dochs wol abonnee fan ensafh? Oars meie jo net fierder lêze, ik hâld dat yn ‘e gaten, Big Knilles is watching you… No, wat ik sizze woe: in wike lyn kaam it Germanenûmer fan ensafh út, mei û.o. in tige koarte ferhaal fan myn hân, en in essay fan Piter Boersma oer Germaanske […]

ensafh 70

Ja minsken, it sjit op! De nije digitale ensafh, nûmer 70 alwer, is út. En de kollums meie jo dochs wol pittich neame. Ik haw der ek ien skreaun. En bin ek mandielich oan It Fryske Liet, fan Duo von Däniken. Dat driget in wrâldhit te wurden. Haw fisk mei rys en slaad iten. In […]

KH2018 / C1000 + updeet

Ja, jo hawwe gelyk, ik soe nei de opera yn it Ljouwerter Filmhûs, lykwols… ik haw my fersliept. Hie de trein fan 09:30 al hawwe moatten, en dat is eins tefolle frege fan ien dy’t yn de neare nacht noch dwaande is mei de ferheffing fan it Fryske Folts, wat literatuer oanbelanget. Hiel aardich, de […]

Drok mei muzyk

Ja, en net in soad nocht om te bloggerjen. Dat, heecheard publyk: harkje ris nei myn symfony nû. 1, it earste diel. Makke yn 2005, mei net al te bêste audiokaart en sa. Mar dochs, it is in echte Knilles. Duhs. Klik hjirre. Jûn pizza of fisk. Of in kombinaasje.

It hier fan Verhagen

Ik kin it net better formulearje: lês wat Sybren Posthumus hjiroer skriuwt. En sjoch ris nei dat hier fan Verhagen! Docht jim dat ek net earne oan tinken? Jûn yt ik fisk mei rys.

It twadde diel

Ja minsken, Knilles hat wer taslein: ik bin de earste dy’t it twadde diel fan de Reve Bio by Tresoar liend hat. Fjouwer wike de tiid om him út te lêzen. Dat moat slagje! In grut part fan dit boek spilet him ôf yn Greonterp, lykas bekind. Bin ek benijd wat der skreaun wurdt oer […]