Tag: Friduwih Riemersma
-
ensafh: Friduwih Riemersma:‘Myn binêre koade’, in sinjalemint
Yn it (Hollânsktalige) petear Friduwih Riemersma dicht als een ouderwetse vernieuwer mei it Friesch Dagblad die Friduwih Riemersma, dochter fan Trinus, te witten dat se okkerdeis in online kursus poëzij-skriuwen folge hie. It risseltaat fan dizze opdiene wiisheid is de min as te mear yn eigen behear by útjouwerij Grotesk útjûne dichtbondel ‘Myn binêre koade’.…
-
Literêre ynsest diel safolle: Friduwih lyrysk oer Abe syn Blomlêzing
En it giet mar troch minsken! De libbenspartner fan Abe de Vries, Friduwih Riemersma, is tige lyrysk oer de nij út te kommen blomlêzing fan Abe mei de argayske titel Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam / Ik bond mijn koe vast aan een appelboom. Wat skriuwt *kuch* de útjouwer? “In prachtige bondel:…
-
Literêre ynsest yn Fryslân, diel safolle…
Ja jonges, it is wer safier! De libbenspartner fan Abe de Vries, Friduwih Riemersma, besprekt op Fers2 de dichter syn nijste bondel Blaumelly. En wat docht bliken? Riemersma is slim ûnder de yndruk fan de poëzij fan har freon: se kent him ‘in hieltyd mear gesachhawwende poëtyske stim’ ta. Earder fûn Friduwih de bondel Brek…
-
De ein fan Fers2?
Ornaris wurdt it *kuch* literêre tydskrift Fers2 om ‘e 14 dagen ferfarske, mar it lêste berjocht is fan 15-12-2019. Op ‘e side stiet: ‘Fers2 komt om ’e fjirtjin dagen op it ynternet út as Fers2.eu. Fers2 hat gjin paywall: alle stikken binne frij tagonklik.’ Soe dit de ein wêze fan in tydskrift dat neist in…
-
Utjouwer besprekt eigen útjefte, en is posityf
En nee, it is diskear net Ernst Bruinsma, mar Friduwih Riemersma fan útjouwerij Grotesk (what’s in a name). Riemersma is tige te sprekken oer de by Fers2 yn 2015 úteinsette ferhalesyklus Ho Wu en Misty Mac fan Aggie van der Meer. Letter binne dizze ferhalen yn boekfoarm útjûn by Grotesk. Dat lêste neamt frou Riemersma…
-
It giet mar troch: literêre ynsest yn Fryslân
Earder hiene wy al ris Friduwih Riemersma dy’t de poëzij fan har partner Abe de Vries bejubele: Riemersma skreau û.o. ‘Brek dyn klank befettet beslist mylpealgedichten, binnen it oeuvre en yn de Fryske literatuer, …’ Lês mar wat ik dêr doe fan fûn, ûnder dizze link. Sûnt hjoed hawwe wy ek it jo net…
-
Waarme Tibetaan
Ha goeie, hjir wie ik wer. No wie ik eins fan doel en swij tenei oer it literêre onlinetydskrift fers2, it moat net ferfeelsum wurde, no. De reden dat ik wer omtinken oan fers2 jou is it artikel fan Friduwih Riemersma mei de titel It glossarium fan De Groot, op 23-04-2017 pleatst. Op harren side is…
-
Brekkend: Fúzje Skanomodu en Fers2
It folgjende nijs krige ik justernacht fan in ynformant dy’t anonym bliuwe wol: ‘Nei petearen tusken de redaksjes fan digitaal literêr tydskift Fers2 (Abe de Vries en Friduwih Riemersma) en it ‘ynternettydskrift troch en foar jonge Friezen’ Skanomodu (Meindert Reitsma, Nienke Jet de Vries en Jan Ybema) is besletten de lapen gear te smiten. De nije…
-
Utjouwerij Grotesk kin net Frysk skriuwe…
No, heden, dat jout net folle betrouwen, in útjouwer dy’t sels net skriuwe kin… Yndied, it is grotesk… Jûn hinnepoatsjes mei wat der by.
-
Marzjinale Fryske tydskriften
Heden, alwer in nije fers2! Wy wurde mar ferwend, no. Wêr hawwe wy it oan fertsjinne? Lykas altyd skriuwe de twa redakteuren it digitale, marzjinale bledsje wer fol… Abe de Vries levere in ûnlêsber stik oer Jan Wybenga. Besykje dochs wat helderder te skriuwen Abe! En de beide redakteuren skreaven in hast like ûnlêsber stik…