Tag Archives: Friduwih Riemersma

Trije Suchten + Updeet: ensafh oernommen troch Fryske Akademy!

No woe ik fansels ek graach mei dit blochke op dy moaie *kuch* foarside fan de Fryske Beweging stean, dat ik skreau de Bewegers in mailtsje. Dêr komt hielendal gjin reaksje op, lit stean dat se myn blochke dêr selsette. Sucht. Al like prachtich *kuch*! is de side fen it Skriuwersboun. Mar dy wurdt neffens […]

Fers2: literêre ynteelt sûnder wjergea

Achte lêzer, sa’t jo hjirboppe lêze kinne, bestiet de redaksje fan fers2 út Abe de Vries en Friduwih Riemersma. No is it hjir by Knilles gjin Story as Privé, mar it is algemien bekend dat harren relaasje fierder giet as inkeld in saaklik/literêre gearwurking. It is in spantsje, en dat is fansels hiel moai foar Abe en […]

Unlêsbere patat

No juh, dêr wie ik al wer. Efkes oer Fers2. In koarte analyse: it binne hieltyd deselde trije, fjouwer skriuwers dy’t bydragen leverje en de styl fan Friduwih Riemersma is ûnlêsber. Dat sa. Wy sille no aanst nei de presintaasje fan Sjieuwe Borger syn nije roman. Faaks moarn wat foto’s. Doei! Jûn ite wy patat.

Fers2: net geskikt foar mobyltsjes…

Sjoch hjirre ris Friduwih!: https://www.google.com/webmasters/tools/mobile-friendly/?url=fers2.eu  

Nijs! Fúzje Kistwurk en Fers2!

    Fan in betroubere ynformant. Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus, fan it eartydske Kistwurk en Abe de Vries en Friduwih Riemersma fan it yn problemen ferkearjende Fers2, sille tegearre in nij Frysk literêr tydskrift meitsje. Op dit stuit is de namme fan it tydskrift noch net bekend. Der sille fjouwer papieren nûmers yn it jier […]

Profetyske wrap

Ja juh, ik wie wat in flau grapke fan my, dat Fers2 stopje soe. Mar ik moat myn eigen profetyske jeften net ûnderskatte, want der is noch altyd gjin nije ôflevering online setten. Wat stiet der yn de ‘statuten’ fan fers 2? Fers2 ferskynt ien kear yn de twa wike op it ynternet as www.fers2.eu. […]

Fers2 stoppet! + Updeet

Ut betroubere boarne haw ik it berjocht binnenkrige dat Fers2 der mei ophâldt. No, it is ek net sa’n grut ferlies foar de Fryske Literatuer. Marzjinaal gepiel, sûnder eigen gesicht. En dy layout! Ferskriklik. Tabé! UPDEET: Grapke!

JA! In nije fers2!

No, dêr wiene se al,  Friduwih en Abe mei nije artikels op fers2.eu. It wie my al earder opfallen, se dogge daliks wat ik harren opdraach. En yndied, sa’t ik al foarsein hie: ‘de redakteuren’ skriuwe sels it ‘tydskrift’ foar it meastepart fol! Abe en Friduwih! Sil it harren better ferrinne as Tristan en Isolde, […]

Wêr bliuwt Fers2 fan Fers2?

Ik kin hast net wachtsje! De earste ôflevering is datearre op 01-01-2015. En it is no 15-01-2015. It tydskrift soe alle 14 dagen útkomme, dat se binne in dei te let! Faaks hat Abe in moaie cartoon tekene! En hat Friduwih in djipdollend essay oer it feminisme by E.B. Folkertsma skreaun! Avensearje jimme! Wy ite […]

Fers2: de Nijste Faal fan Abe + oanfolling

No ha’k it eins net oan tiid, mar dochs in lyts stikje oer fers2.eu, in nij inisjatyf fan Abe de Vries. It is in Frysk literêr tydskrift. Tige spitich dat Abe no ek Friduwih Riemersma yn syn fal meisleept. Want dat ek dit projekt mislearje sil is wis. Dat giet no ienkear sa, by Abe. […]